De feale woastynfink (Rhodospiza obsoleta) is in sjongfûgel út de famylje finkfûgels (Fringillidae). It is de iennige soarte yn it monotypysk skaai Rhodospiza. De taksonomy fan 'e fûgel is betiizgjend en hy waard earder yn Fringilla, Bucanetes, Carduelis en Rhodopechys set.

Skaaimerken thumb|left|Feale woastynfink yn Oezbekistan. De feale woastynfink is in sânkleurige fink mei in lichemslingte fan 13-14 sintimeter en in spanwiidte fan 26 sm. De fûgel is meast waarm sânbrún mei helder rôze en sulvergriis op 'e wjukken en in ljochtere búk. De skaaien binne wakker allyk, mar it mantsje hat in diffús swarteftich masker fan 'e foarkant fan it each oant de basis fan 'e snaffel, dy't it wyfke net hat. De snaffel is swart.

Fersprieding Woastynfinken wurde lokaal yn bercheftige regio's fan súdeastlik Turkije oant noardlik Sina en noardlik Pakistan oantroffen. De soarte is lokaal in trekfûgel en hy wurdt ek yn Libanon, Irak (dêr't er mooglik yn it noarden briedt) en winterdeis ûnregelmjittich yn noardeastlik Egypte sjoen. De soarte wurdt út en troch as dwaalgast yn Armeenje, Azerbeidzjan, Koeweit en Katar waarnommen of op Syprus.

Oars as de namme tinken docht leit syn ferspriedingsgebiet net yn woastinen, mar yn drûge, iepen gebieten mei hjir en dêr beammen oant 1500 m hichte. De soarte komt ek op lânbougrûn foar.

Hâlden en dragen De fûgel yt sied en ek wol ynsekten. Yn 'e maitiid boud de fûgel syn nêst, faak yn fruchtbeammen, en it wyfke leit 4 oant 6 feale griene aaikes mei spikkels. It wyfke briedt se ek út. De fûgel foerazjearret yn grutte kloften fan syn eigen soarte of mei oare finkesoarten.

Status De feale woastynfink hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabyle ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern 2025) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Feale woastynfink Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan