De Aymaraparkyt (Psilopsiagon aymara) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai sitroenparkiten (Psilopsiagon) út 'e famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Skaaimerken De likernôch 20 sm lange fûgel weaget sa'n 45 gram en hat in griisbrune foarholle en krún oant ûnder de eagen. Op it kin en de wangen oant it boarst binne de fearren wytich oergeand nei ljochtgriis op 'e búk. Flanken en dijen binne gielgrien. De sturt is boppe donkergrien en ûnder ljochtgrien. Om it each is in grize ring. Fierder hat de fûgel in fleiskleurige snaffel en fleiskleurige poatsjes.
Fersprieding Aymaraparkiten komme fan Sintraal Bolivia oant Noardwest-Argentynje foar op 'e eastlike kant fan 'e Andes op hichten fan 1800 oant 3000 m. It habitat bestiet út drûge hellingen mei strûken en iepen dellings. Se wurde ek by doarpen en op ikkers waarnommen. Winterdeis sykje se de legere gebieten op.
Status Oannommen wurdt dat de soarte in stabile populaasje hat. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre op 'e Reade list.
Namme De fûgel is ferneamd nei de Aymara's, in Súdamerikaanske yndianestam yn 'e heechlannnen fan Bolivia en Perû.
Kategory:Sitroenparkyt Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje