De oranjegoudfink (Pyrrhula aurantiaca) is in sjongfûgel yn it skaai goudfinken (Pyrrhula) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).
Skaaimerken thumb|left|Mantsje. Oranjegoudfinken binne relatyf lytse goudfinken fan likernôch 14 sm lang en ha in koarte, nei ûnder bûge snaffel en in foarkefoarmige sturt. It mantsje is oranje mei in swart masker, swarte wjukken, in swarte sturt en ha in oranjebêzje bân op 'e wjuk. It oranje fan it wyfke is minder helder en se hat griis yn 'e nekke en op 'e krún. Jonge fûgels lykje op wyfkes, mar misse griis op 'e kop.
Fersprieding Oranjegoudfinken komme yn 'e berchwâlden fan 'e noardwestlike Himalaya fan noardlik Pakistan (Chitral en Gilgit) eastlik oant noardlik Kasjmier foar. De soarte libbet yn spjirre-, dinne- en mingd bosk op hichten fan 2.700 oant 4.900 m en ferhûzet winterdeis nei legere en súdliker gebieten (Himachal Pradesh). De soarte is ek waarnommen yn Uttarakhand.
De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Hâlden en dragen Oranjegoudfinken binne rêstige fûgels. It dieet bestiet út sied, knoppen, beien en spruten. Se briede fan ein maaie oant begjin augustus.
Status It ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer de soarte as net bedrige(Least Concern, 2018) op 'e Reade list. Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar wurdt as algemien oant talryk omskreaun.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudfink Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan