De Basilyk fan it Hillich Krús (Basilica di Santa Croce) is in barok tsjerkegebou yn it histoaryske sintrum fan 'e Italjaanske stêd Lecce. It is it meast bysûndere gebou fan 'e stêd en ferneamd fanwegen de tige rynske tapassing fan byldhouwurk en ornaminten.

Skiednis De bou fan 'e tsjerke sette yn 1549 útein en einige net earder as yn 1695 en duorre dus 140 jier. Arsjitekt wie Gabriele Riccardi en letter Francesco Antonio Zimbalo en Cesare Penna. Elk joech in eigen bydrage oan 'e útwurking fan 'e gevel en it ynterieur. De styl fan it gebou fertsjintwurdiget de Barocco Leccece, in eigen lokale barokke styl mei as karakteristyk in tige soad fersieringen.

Sûnt it begjin wie de tsjerke ferbûn oan it oanbuorjende kleaster fan 'e Selestinen. Dy oarder waard yn 'e 19e iuw yn Itaalje opheft en der folge doe in nasjonalisaasje fan it kleaster. It kleaster sels waard brûkt foar bestjoerlike doelen, mar de kleastertsjerke bleau in religieus gebou en is hjoed-de-dei in basilica minor.

Beskriuwing thumb|left|Roasfinster. De basilyk is in trijeskippige tsjerke: in haadskip mei twa smellere en legere sydskippen. Der is in koart dwersskip en de tsjerke hat in koer, dat rûn ôfsletten wurdt.

De ryk fersierde gevel hat in grut roasfinster mei in sierlike râne fan blommen, ingeltsjes en bisten. De pylders fan 'e haadyngong binne fersierd mei bistefiguerkes , fruchten en blêdornaminten (Gabriele Riccardi, 16e iuw). Op 'e twadde ferdjipping steane yn 'e nissen lofts de bylden fan Benediktus fan Nursia, de stifter fan 'e Benediktynske oarder, dêr’t de Selestynske muontsen út fuortkamen, en rjochts paus Selestinus V, dy't de oarder syn namme joech. Boppe it roasfinster is yn 'e top it skyld mei in krús.

Ynterieur thumb|left|Ynterieur. It barokke ynterieur is hast hielendal út hout en stien útwurke. Oan eltse kant is in rige fan sân sydkapellen, dy't troch ferskillende famyljes stifte waarden. Se binne oan 'e beskermhilligen fan 'e famyljes wijd en fertsjintwurdigje it let-maniërisme oant de folle barok.

It houten kassetteplafond is in keunstwurk op himsels. It ûntwerp komt fan Francesco Antonio Zimbalo en de skilderingen waarden makke troch de lokale master Giovanni Andrea Coppola (± 1600–1659). Yn it grutte sintrale fjild fan it plafond is in skilderij ferwurke fan "De Triomf fan it Krús" (La Gloria della Croce).

Oargel It oargel waard yn 1961 troch Fratelli Ruffatti op beide kanten fan it koer boud. It wurdt elektrysk oandreaun en hat twa manualen.

Ofbylden

Kategory:Lecce Kategory:Bouwurk út 1695 Kategory:Basilyk yn Itaalje Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje