De foarekster (wittenskiplike namme: Pica praepica) is is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist, dat inkeld bekend is fan fossilen, libbe yn Bulgarije yn it Ier-Pleistoseen (2,6–1,8 miljoen jier lyn).
Taksonomy De foarekster waard foar it earst yn 2021 wittenskiplik beskreaun troch de Bulgaarske paleöntolooch Zlatozar Nikolajev Bojev. De wittenskiplike namme dy't hy dizze nije fûgel taparte is Pica praepica, wêrfan't it soartespesifike diel "foarekster" betsjut, fan pica, dat Latyn is foar "ekster" mei it foarheaksel prae-, dat "foar-" betsjut. Neffens de útlis dy't Bojev tafoege oan syn beskriuwing keas er foar dy namme om't it giet om 'e âldste restanten dy't ea fûn binne fan in lid fan it skaai fan 'e eksters (Pica).
Fossilen It holotype fan 'e foarekster is de distale lofter tarsometatarsus (in bonke út 'e skonk fan fûgels) dy't ein septimber 1990 troch Bojev sels opdobbe waard by Văršec (útspr.: [ˈvɐrʃɛt͡s], likernôch: "var-sjets") yn noardwestlik Bulgarije. Yn totaal binne der 13 fossilisearre bonken fan dizze fûgel weromfûn, dy't fan twa yndividuën binne en allegearre fan itselde plak komme. Njonken it holotype giet it dêrby om noch trije oare tarsometatarsa, trije ravensbeksbonken, trije piipbonken, in skouderblêd, in tibiotarsus (bonke út 'e skonk fan fûgels) en in teankeatsje.
Beskriuwing De spesimina dy't opdobbe waarden by Văršec waarden by in yngeand ûndersyk ferlike mei deselde bonken fan 18 ûnderskate kriefûgels (12 libbene en 6 fossile) út 7 skaaien, wêrûnder dy fan 'e ka (Coloeus monedula), de Aziatyske blauwe ekster (Cyanopica cyana), de houtekster (Garrulus glandarius), de nutekreaker (Nucifraga caryocatactes), de ekster (Pica pica), de Alpenka (Pyrrhocorax graculus) en de Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax). De konklúzje wie dat de spesimina it meast lieken op 'e korrespondearjende lichemsdielen fan 'e ekster, dêr't se sterk mei oerienkamen. Der wiene lykwols op wichtige punten ferskillen, dy't in klassifikaasje as nau besibbe, mar selsstannige soarte rjochtfeardigen.
Sjoch ek Majorka-ekster
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ekster Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Bulgarije