De Azoarengoudfink (Pyrrhula murina), ek wol bekend as de priolo (lokale Portegeeske namme), is in fûgel út 'e famylje finkfûgels (Fringillidae). It is in bedrige soarte dy't endemysk is op 'e Azoaren.
Skaaimerken De soarte wurdt likernôch 17 sm lang en is like grut as de gewoane goudfink. Oant 1990 waard de fûgel as in ûndersoarte dêrfan behannele. De azoarengoudfink is folle doffer en hat in swarte kop, sturt en wjukken en in grize bân oer de wjuk en is brún op 'e rêch. De búk en it boarst binne brún oant dizich rôze.
Fersprieding De fûgel is endemysk op 'e Azoaren en komt foar yn in lyts gebiet oan 'e eastkant fan it eilân São Miguel. Winterdeis en yn 'e maitiid is de fûgel tige ôfhinklik fan lânseigen laurierbosk. Simmerdeis wurdt de fûgel ek yn oanplante bosken waarnommen.
Status De fûgel hat in tige lyts ferspriedingsgebiet fan 144 km² en dêrfandinne is der in kâns op útstjerren. Op basis fan in stúdzje út 2008 waard de populaasje troch BirdLife International yn 2011 tusken 760 en 1350 fûgels rûsd. In rûzing út 2018 giet út fan 500 oant 1.700 fûgels. Yn it ferline wie der in foarse tebekgong troch de ûntbosking foar lânbou en de ferfanging mei net-lânseigen yntrodusearre beammen. Ek wurde de lêste laurierbosken troch ynvasive planten bedrige, dy't it foarmjen fan sied fan it oarspronklike bosk ferminderje. De populaasje wurdt no as stabyl beöardiele en stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as kwetsber. Neffens it lêste ûndersyk (2023) wurdt de populaasje op 500 oant 800 pearkes (rûchwei 1.000 oant 1.600 fûgels) rûsd.MDPI: How Many Azores Bullfinches (Pyrrhula murina) Are There in the World? Case Study of a Threatened Species, 2023.
De Portegeeske feriening foar fûgelstúdzje (en - beskerming) Sociedade Portuguesa para o Estudo das Aves (SPEA) krewearret der foar om it habitat te ferbetterjen en mei help fan frijwilligers wurdt oan 'e eastlike kant besocht de natuerlike begroeiing werom te bringen troch ferwidering fan 'e ynvasive beplanting. Fierder is der in besikerssintrum (Centro Ambiental do Priolo) by Nordeste, dêr foarljochting oer it projekt jûn en it wurk koördinearre wurdt.
Keppeling om utens Centro Ambiental do Priolo
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudfink Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Bedrige fûgel