De Graciosagoudfink (Pyrrhula crassa) is in útstoarne fûgel út it skaai goudfinken (Pyrrhula) yn 'e famylje finkfûgels (Fringillidae). De fûgel libbe op 'e Azoaren.
Skaaimerken Te beöardieljen nei de grutte fan 'e kop wiene Graciosagoudfinken de grutste soarte ûnder de goudfinken. De fûgel hie in tige krêftige snaffel, dy't tinken docht oan in pappegaai. Fierder lykje de bonken op dy fan 'e noch besteande Azoarengoudfink (P. murina).
Untdekking en útstjerren De fûgel waard beskreaun út subfossile oerbliuwsels út in in grot fan in fulkaan op it eilân Graciosa op 'e Azoaren, mar kin ek op oare eilannen libbe ha. Nei alle gedachten stoar de fûgel út as gefolch fan 'e Portegeeske kolonisaasje fan 'e eilannen yn 'e 15e iuw, doe't habitatferneatiging en ynvasive plantesoarten de lânseigen laurierbosken ferneatigen. De Graciosagoudfink wie dêr nei alle gedachten ôfhinklik fan.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudfink Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Bist útstoarn yn de 15e iuw