De Nederlânsk-Dútske tsjerke (Italjaansk: Tempio della Congregazione Olandese Alemanna, Timpel fan 'e Nederlânsk-Dútske Gemeente) yn 'e Italjaanske stêd Livorno stiet yn 'e Toskaanske stêd Livorno oan it Fosso Reale-kanaal oan 'e Scali degli Olandesi tusken Piazza della Repubblica en Piazza Cavour.
De protestantske tsjerke tsjûget fan it multykulturele klimaat dat eartiids de stêd Livorno karakterisearre. Sûnt de twadde helte fan 'e 20e iuw stie de tsjerke leech en hat it gebou ferlet fan in restauraasje.
Skiednis Yn 'e lette 16e iuw wie Livorno mar in lyts doarpke ûnder Pisa. De Medici-famylje woe der lykwols in grutte haven oanlizze en om 'e hannel oan te trunen joech Ferdinando I de' Medici tusken 1591 en 1593 de saneamde Leggi Livornine út: wetten dy't bûtenlanners útnoegen om harren yn Livorno te fêstigjen. Dy wetten ûnthieten folsleine godstsjinstfrijheid, frijstelling fan belesting en beskerming fan hannel en besit.
Dat soarge derfoar dat mienskippen út hiel Jeropa nei Livorno kamen lykas joaden, Griken, Armeenjers, Ingelsen en ek Nederlanners en Dútsers. Ynearsten wiene de Nederlanners en Dútsers katolyk en hiene hja tegearre mei dy fan oare frjemde folken lykas Frânsen, Portegezen en Korsikanen in alter yn 'e Chiesa della Madonna, mar letter krigen de kalvinisten de oerhân en dêrfandinne wie der in nei romte nedich en ek in eigen, net-katolyk begraafplak. Yn 1683 waard ek in eigen begraafplak stifte dat bekend stiet as it Cimitero della Congregazione Olandese Alemanna. Yn 'e 19e iuw ferhûze it begraafplak nei de Via Mastacchi en in oantal grêfstiennen ferhûzen doe mei. Dêr binne grêven fan Nederlânske, Dútske en Britske keaplju mei opskriften yn 'e eigen taal.
De tsjinsten waarden holden yn partikuliere romten en it wie ien fan 'e âldste protestantske gemeenten yn Itaalje, dy't frij en iepen funksjonearre. De Nederlânske en Dútske protestanten foarmen tegearre ien mienskiplike gemeente, de Congregazione Olandese-Alemanna (Nederlânsk-Dútske gemeente). thumb|left|De tsjerke oan it Fosso Reale-kanaal. De tsjerke dy't hjoed-de-dei noch bestiet is lykwols fan lettere datum en ûntstie earst yn 'e tiid fan 'e ienmakking fan Itaalje. Tusken 1862 en 1864 waard de hjoeddeiske neogoatyske tsjerke boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Dario Giacomelli. It ôfskaffen fan Livorno's Porto Franco (frije haven) en de ekonomyske delgong dy't dêr op folge, betsjutte lykwols ek de delgong fan 'e gemeente. Dochs krige de tsjerke yn 1903 noch in nij oargel fan it bedriuw Agati-Tronci, dat nei alle gedachten it moaiste fan Toskane wie.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke troch de bombardeminten op 'e stêd skansearre, mar net ferneatige. It oargel gie lykwols al ferlern. De tsjerke stie bekend om syn poerbêste akûstyk en waard nei de oarloch brûkt foar konserten. Nei it ferstjerren fan 'e lêste leden fan 'e Nederlânsk-Dútske gemeente yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw rekke de tsjerke stadichoan yn ferfal. Efter de apsis, yn it gebiet dêr't eartiids in sakristy, de mienskipsskoalle en it hûs fan 'e master stiene, waard tastimming jûn foar de bou fan in appartemintegebou. Tagelyk ferlear de tsjerke jimmeroan mear sierlike details, lykas de trije pinakels op 'e gevel. thumb|left|De tsjerke yn 2014. It ferfal wie sa slim dat de tsjerke sletten waard en dielen fan it ferwulft delstoarten op 'e âlde banken, dy't noch foar in part 18e-iuwsk binne. Sûnt 2014 binne der mei finansjele stipe fan 'e gemeente en organisaasjes reparaasjes útfierd, sadat in diel fan 'e tsjerke wer iepensteld wurde koe.
Beskriuwing De tsjerke is in neogoatysk gebou, ien fan 'e seldsume foarbylden fan dy boustyl yn Livorno. It is it grutste neogoatyske bouwurk yn Livorno fan dy styl. De gevel hat trije roasfinsters: it grutste, yn 'e midden boppe it portaal, is fersierd mei blommotiven en wurdt troch twa oare roasfinsters yn flamboyante styl flankearre.
It ynterieur bestiet út foarportaal en in grut rjochthoekich skip dat einiget yn in grutte rûne apsis. Giacomelli kombinearre eleminten fan tradisjonele goatyske arsjitektuer mei oare eleminten fan in klassisistyske styl: it skip hat ôfwikseljend pilasters yn klassisistyske styl dy't de spitsbôgen drage.
Lykas yn kalvinistyske tsjerken wenst is, ûntbrekt in alter. Op dat plak stiet in ferhege preekstoel mei oan wjerskanten in trep.
Kategory:Livorno Kategory:Bouwurk út 1864 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Itaalje