In strânpeal is in peal dy't yn Nederlân om 1843 hinne op it strân set is troch Rykswettersteat. De peallen steane hieltyd 1 km útelkoar.
Peallen op de fêstewal De peallen op de fêste wal fan Hollân yn 1843 set op initiatyf fan Johan Ortt van Schonauwen, rinnend fan peal 0 by Húsdunen oant peal 117 Hoek fan Hollân.
Peallen op de eilannen Yn 1850 binne der ek peallen foar de eilannen makke, alteast yn earsten foar Teksel. It hat oant 1859 duorret eart ek Flylân, Skylge en It Amelân bepealle wienen, en 1868 foar Skiermûntseach. Bysûnder is dat de peallen fan Teksel begjinne by peal 6, om't dy ek wer telle fan Húsdunen út, en de earste peal is 6 km fier fuort. Dat rûn ek sa trocht by it Aailânske Gat, dêr't peal 33 op Teksel wie, en peal 34 op Flylân. De nûmers rinne dan fierder oant peal 53 by East-Flylân. De nûmers op Skylge binne los, mei peal 1 op it griene strân, en peal 27 op de Boskplaat. Der hawwe ek noch peallen 28 en 29 west, mar it eilân is dêr krompen dat peal 27 is no de lêste. It lykt sa te wêzen dat lykwols peal 20 de lêste peal op Skylge wie: dêrfoarby binne peallen foar de Boskplaat.
It Amelân hat dan ek wer eigen peallen fan peal 1 west fan Hollum oant peal 24 by de Oerdblinkert. Mei it grutter wurden fan it eilân binne der letter noch peallen 25 oant 27 bykaam, dêr't peallen 26 en 27 letter lykwols ûnder wetter fan te lizzen kamen, dat dy binne doe fuorthelle.
Skiermûntseach is bysûnder yn de rige, om't de bepealling op it lêst om gâns it eilân hinne kaam is. Dêr't in dyk leit is der gjin peal útfierd, mar de nûmering giet ienfâldich fierder op ôfstannen fan in kilometer. De ienichste ôfwyking is dat de ferbining tusken de lêste peal, peal 28, werom mei peal 1 krekt wat minder as in kilometer is. Lykwols is troch dat folsleine besingeljen fan it eilân goed te sjen dat it eilân hieltiid fan foarm feroaret, en al lang net mear de pealen oeral op de grins fan lân en wetter hat.
Oanpassings Der binne op de eilennen lykwols mear peallen byset, dêr't it strân yn in bocht nei it easten rint, wêr't der noch mear strân fierder fuort fan de Noardsee wie. Oan de súdkant fan Teksel binne der sa op De Hors peallen 4 en 5 bykaam, wat koe om't peal 6 oarspronklik de earste west hie. Op de Flyhors oan de súdkant fan Flylân barde itselde, dêr't op Flylân in peal 33 en in peal 32 byset binne. Lykwols is Aailânske Gat net sa wiid as it Marsdjip, dat der wie eins net wier romte yn de nûmers. Dat hat der ta laat dat peal 33 en 32 der eins op Tessel ek al wienen, mei't dy op Flylân der as dûbelde nûmers by kaam binne.
Nijere feroarings Troch dat de lokaasje fan de peallen fêstleit, kinne dy bûkt wurde om mjittings oer it strân te dwaan. Dat betsjut ek dat der strân bymakke wurde kin as der te min is. Foar de details kin no mei GPS en loftfotografy wurke wurde, mar de peallen binne hieltiid noch in goed earste idee fan hoe at de kust him hâldt.
Literatuer , Strandpalen van Nederland; het meetlint langs de Nederlandse kust.
Kategory:Geodesy Kategory:Kust