De Santa Maria delle Grazie ("Hillige Marije fan Genede") is in tsjerke en Dominikaansk kleaster yn Milaan, Noard-Itaalje. De gebouwen falle ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed en oan 'e muorre fan 'e refter fan it kleaster is it wrâldferneamde Lêste Jûnsmiel fan Leonardo da Vinci te sjen.
Skiednis Hartoch Francesco I Sforza fan Milaan joech opdracht ta de bou fan 'e tsjerke en it kleaster, dêr't earder in kapel stie dy't wijd wie oan 'e devoasje fan Sint-Marije fan 'e Genede. De haadarsjitekt, Guiniforte Solari, ûntwurp it goatyske skip fan it kleaster, dat yn 1469 foltôge wie. Mei de bou fan 'e tsjerke gie tsientallen jierren hinne. Hartoch Ludovico Sforza keas de tsjerke as it begraafplak fan 'e famylje Sforza en boude in nije kleastergong en apsis, dy't yn 1490 foltôge waarden. Ludovico syn frou Beatrice waard yn 1497 yn 'e tsjerke begroeven. thumb|left|Ynterieur. It ûntwerp fan 'e apsis fan 'e tsjerke wurdt taskreaun oan Donato Bramante om't syn namme gravearre is yn in stik moarmer yn 'e tsjerkeferwulften, dy't yn 1494 foltôge binne. Guon ûntstride lykwols dat er ea oan 'e tsjerke wurke hat. Neffens ien boarne wurke Bramante yn 1492–1497 oan 'e krusing en de koepel en ek oan 'e apsissen fan it dwersskip en it koer mei de apsis; dy boarne skriuwt ek in plattegrûn en in seksje fan it gebou ta oan Bramante. Guon dokuminten neame de namme Amadeo, nei alle gedachten Giovanni Antonio Amadeo. Der binne oerienkomsten tusken dizze tsjerke en it ûntwerp fan Amadeo foar de Santa Maria alla Fontana.
Yn 1543 waard oan 'e rjochterkant fan it skip yn 'e Kapel fan 'e Hillige Kroan it Titiaanske alterstik fan Kristus dy't de toarnekroan kriget ynstalleare. It skilderij, dat yn 1797 troch Frânske troepen stellen waard, hinget hjoed-de-dei yn it Louvre. De kapel is beskildere troch Gaudenzio Ferrari mei fresko 's oer it lijen fan Kristus. De tsjerke hat ek fresko's fan Bernardo Zenale mei as tema de Opstanning en it Lijen.
Twadde Wrâldkriich thumb|left|Lêste Nachtmiel. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch rekke yn 'e nacht fan 15 augustus 1943 in allieard loftbombardemint de tsjerke en it kleaster. In grut part fan 'e refter waard ferneatige, mar guon muorren oerlibben, ynklusyf de muorre mei It Lêste Jûnsmiel dy't troch sânsekken beskerme waard. In yngreven restauraasje fan it keunstwurk waard tusken 1978 en 1999 útfierd. Dat betsjutte it oanpakken fan komplekse problemen lykas de ferfoarmingen dy 't yn 'e rin fan 'e tiid by restauraasjes oanbrocht wienen, mar ek de omjouwing fan 'e refter om it wurk te beskermjen tsjin stof, dampen en focht, saken dy't laten ta efterútgong fan it keunstwurk.
Hjoed-de-dei Tsjintwurdich is de Sacrestia vecchia, of de Alde Sakristy, ûntwurpen en boud troch Donato Bramante, de sit fan in Dominikaansk Kultureel Sintrum (Centro Culturale alle Grazie), dêr't de bruorren konferinsjes organisearje oer ferskate tema's oangeande spiritualiteit, filosofy, keunst, literatuer en sosjology en dêrnjonken muzykkonserten en artistike útstallings hâlde.
Kategory:Bouwurk yn Milaan Kategory:Tsjerkegebou yn Itaalje Kategory:Wrâlderfgoed yn Itaalje Kategory:Bouwurk út 1497 Kategory:Kleaster yn Itaalje