De Katedraal fan Massa (Italjaansk: Duomo di Massa; Cattedrale dei Santi Pietro e Francesco) is in roomske katedraal yn 'e Toskaanske stêd Massa, Itaalje.
Skiednis De hjoeddeiske katedraal fan Massa hat syn oarsprong yn in Fransiskaansk kleaster, dat oan 'e ein fan 'e 15e iuw stifte waard. Yn 1460 krige Taddea Pico della Mirandola, de frou fan Jacopo Malaspina, fan paus Pius II tastimming om in klaster te bouwen foar de Frati Minori Osservanti, in tûke fan 'e fransiskanen. De earste stien waard op 4 jannewaris 1477 lein en de nije kleastertsjerke waard wijd oan de hillige Fransiskus fan Assisi.
Yn 'e 17e iuw folge in grutte ferbouwing ûnder de arsjitekt Giovanni Francesco Bergamini en syn soan, dy't de tsjerke in grutter en mear monumintaal karakter joegen. Doe waard ek de Cappella Ducale (Kapel fan 'e Hartoch) tafoege, in keninklike sydkapel dêr't de leden fan it foarstedom Massa en Carrara yn byset waarden.
Mei't yn 1807 yn opdracht fan Elisa Baciocchi (de suster fan Napoleon Bonaparte) de âlde Sint-Piterkatedraal yn it hert fan Massa ôfbrutsen waard, waard de fransiskaanske tsjerke oanwiisd as nije biskopstsjerke. Dy krige dêrom de dûbele titel fan Cattedrale dei Santi Pietro e Francesco (Piter en Fransiskuskatedraal). Yn 1822 waard dat offisjeel befêstige troch paus Pius VII. Letter, yn 1936, waard de gevel fernijd neffens in ûntwerp fan Cesario Fellini, en yn 1964 waard de tsjerke troch de paus ferheven ta basilica minor.
Beskriuwing thumb|left|Ynterieur. De Duomo di Massa stiet oan 'e Piazza Aranci, it grutte sintrale plein fan 'e stêd, dêr't ek it eardere paleis fan de hartoggen fan Massa stiet. De gevel is makke fan wyt moarmer út de moarmergroeven fan Carrara en hat in klassisistyske, symmetryske opbou mei in brede trep en in trijehoekich fronton boppe de yngong. It ûntwerp út 1936 hat de tsjerke in weardich oansjen jûn dat goed past by de stedsomjouwing.
De tsjerke hat in basilikale grûnfoarm mei trije skippen, ferdield troch moarmeren pylders en rûnbôgen. It ljocht falt troch hege finsters nei binnen.
Efter de apsis leit de Cappella Ducale, in rike barokke oanbou út de 17e iuw, dêr't de famylje Cybo-Malaspina harren grêven hat.
Ynterieur thumb|left|Heechalter. De muorren yn 'e tsjerke binne meast ljocht, mar de alters en sydkapellen binne ryk fersierd mei kleurich moarmer, stúkwurk en keunstwurken út ferskate iuwen.
Der binne njonken it haadalter yn 'e apsis noch acht sydaltars. It haadaltaar is in foarbyld fan 17e-iuwske Italjaanske barok. Under de koepel fan it preesterkoer steane bylden fan Sint-Piter en Sint-Fransiskus, de patroanhilligen fan 'e tsjerke.
Bysûnder binne de skilderijen fan ferneamde keunstners lykas Carlo Maratta en Luigi Garzi en in oan Sint-Fransiskus wijd alterstik, dat tradisjoneel oan Pinturicchio taskreaun wurdt. De doopkapel fan Riccomanni út Pietrasanta, datearjend út de 15e iuw, heart ta de âldste dielen fan it gebou.
De Cappella delle Stimmate (Kapel fan Stigmata) hat in stien mei in ynskripsje út 1389 dat de stiftingsstien fan 'e tsjerke is dy't dêr earder op it plak stie.
Kategory:Massa Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Basilyk yn Itaalje Kategory:Bouwurk út de 15e iuw