De readkopgoudfink (Pyrrhula erythrocephala) is in sjongfûgel yn it skaai goudfinken (Pyrrhula) út de famylje finkfûgels (Fringillidae).

Skaaimerken thumb|left|Mantsje en wyfke. De readkopgoudfink is in middelgrutte goudfink fan 17 sm lang mei in koarte bûge snaffel en in lange foarke sturt. It mantsje is oranjeread op 'e kroan, yn 'e nekke en op it boarst, wylst de mantel griis is. It wyfke is giel op 'e kroan en yn 'e nekke nekke, mei in griis boarst en in grize mantel.

Fersprieding De fûgel wurdt yn bercheftige regio's fan noardlik Pakistan, noardlik Yndia en súdeastlik Tibet en Bûtan oantroffen. Oft er echt yn Pakistan foarkomt is in striidkwestje. It is in stânfûgel, mar lokaal kin er op hichte migrearje. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net sa slim om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de soarte as net bedrige (''Least Concern, 2024). In rûzing fan 'e populaasje is der net, mar de fûgel wurd beskreaun as algemien of frij algemien.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goudfink Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina