De katedraal fan Arezzo, ek de Piter- en Donatuskatedraal, (Duomo di Arezzo; Cattedrale dei Santi Pietro e Donato) yn 'e Toskaanske stêd Arezzo is de biskoplike tsjerke fan it roomske bisdom Arezzo-Cortona-Sansepolcro.

Skiednis Bûten de stedsmuorren fan Arezzo stie op 'e Pionta-heuvel it grêf fan 'e martelder Donatus († 362), de twadde biskop fan Arezzo dy't ûnthalze waard yn 'e tiid fan 'e ferfolgingen fan kristenen troch keizer Julianus de Apostaat. Op 'e heuvel waarden de earste kristlike tsjinsten fierd en dêr ûnstie ek de earste katedraal. Yn 1203 joech paus Innosintius III opdracht om de tsjerke nei de stêd te ferhûzjen. De bou sette yn 1278 útein en duorre oant 1511. De hjoeddeiske gevel waard pas tusken 1900 en 1914 boud neffens in ûntwerp fan Dante Viviano. thumb|left|Grêf Gregoarius X. Op 10 jannewaris 1276 stoar paus Gregoarius X yn Arezzo by syn weromreis fan it Twadde Konsylje fan Lyon. Op syn stjerbêd skonk er in foars bedrach foar de bou fan 'e nije katedraal, dêr't er ek syn lêste rêstplak fûn.

Yn 'e maitiid fan 1796 waard Sintraal-Itaalje troffen troch in rige ierdskoddings. De minsken fan Arezzo skreaune de ein fan 'e ierdskoddings ta oan 'e Mem Gods, waans poerswarte genedebyld op wûnderbaarlike wize yn in herberch foar de eagen fan ferskate leauwigen wyt opjochte. It genedebyld fan 'e Jongfaam waard nei de katedraal brocht en yn 'e jierren dêrnei waard de Cappella della Madonna del Conforto (Cappella fan 'e Madonna del Conforto) oan it noardlike skip tafoege. Sels hjoed-de-dei wurdt de kapel in soad troch pylgers besocht.

De reliken fan Sint-Donatus binne net mear yn 'e katedraal en oerbrocht nei de Sint-Donatustsjerke yn Castiglione Messer Raimondo. Nettsjinsteande draacht de katedraal noch jimmeroan de namme fan 'e hillige en it 14e-iuwske heechalter is oan him wijd.

Boukunde thumb|left|Ferwulft. De katedraal is in goatyske basilyk mei trije skippen sûnder dwersskip. It skip hat fiif traveeën mei ribferwulften dy't stipe wurde troch bundelpylders. Yn it noarden, njonken it koer, stiet in slanke, seishoekige klokketoer.

Ynterieur thumb|260px|Heechalter. De katedraal hat ferskate keunstskatten út de gotyk en renêssânse. De finsters fan Guillaume de Marcillat út 1516–1524 wurde beskôge as wichtige wurken fan brânskildere glês. It heechalter mei syn moarmeren alterstik fan Sint-Donatus datearret út 'e 14e iuw. It doopfont is fersierd mei reliëfs út it atelier fan Donatello. Giorgio Vasari makke de koerbanken yn 1554. In fresko fan Marije Magdalena yn it lofter sydskip is in wurk fan Piero della Francesca út 'e jierren 1460. De monumintale senotaaf fan Guido Tarlati njonken it fresko fan Marije Magdalena datearret fan 1330 en waard makke troch Agostino di Giovanni en Agnolo di Ventura. De Cappella Ubertini hat fresko's fan 'e Marije-leginde (begjin 14e iuw). In troanende Mem Gods mei Bern is datearre op 'e jierren 1260.

De kapel fan 'e Madonna del Conforto thumb|left|kapel fan 'e Madonna del Conforto. De klassisistyske en foar in part goatyske kapel is in trijeskippige koepelstruktuer mei in haadapsis en sydapsissen neffens ûntwerp fan Giuseppe del Rosso. Biskop Agostino Albergotti liet de kapel om 1810 hinne ryklik fersiere. Sintraal stiet it lytse genedebyld fan 'e Jongfaam Marije, dat yn 'e fergulde struktuer fan it alter yntegrearre is. Keunstwurken waarden hjirhinne brocht út oare tsjerken, ynklusyf it kleurryk keramykreliëf út it atelier fan Andrea della Robbia. It grutte alterstik fan 'e Trije-ienheid tusken de hilligen Bernardus en Donatus is fan 'e master sels (1485–1486). Twa grutte skilderijen ( Judith dy't it folk de holle fan Holofernes sjen lit fan Pietro Benvenuti en Abigail dy't David delbêdet fan Luigi Sabatelli) slagge typologysk op 'e foarbea fan Marije.

Oargels De katedraal fan Arezzo hat twa oargels. It âldste ynstrumint waard healwei de 16e iuw troch Luca di Bernardino da Cortona boud. It mechanyske ynstrumint hat 9 reigsters op ien manuaal mei oanhongen pedaal. It haadoargel waard yn 2006 troch de oargelboufirma Pinchi boud. It sleeplade-yntrumint hat 26 registers (1.720 pipen) ferdield oer twa manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Ofbylden

Kategory:Bouwurk út 1511 Kategory:Arezzo Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje