thumb|right|200px|Božena Laglerová (1912) Božena Gabriela Vítězslava-Viktorie Laglerová (Praach, 11 desimber 1886 – dêre, 8 oktober 1941) wie in Tsjechyske loftfeartpionier. Se wie de earste froulike piloat yn Eastenryk-Hongarije mei in fleanbrevet en de trettjinde froulike piloat fan'e wrâld. Ek wie se earste Eastenrykske froulike piloat fan de Österreichischer Aero-Club en de twadde froulike piloat fan Dútslân.

Libben en wurk Laglerová waard berne yn de wyk Vinohrady yn Praach as jongste fan sân bern. Har heit wie Vojtgler, sekretaris fan it Provinsjaal Finansjeel Direktoraat yn Praach; har mem wie Jozefa Lagrelová (bertenamme: Počtová). Har heit ferstoar yn 1891, doe't se fiif jier âld wie, wêrnei't se grutbrocht waard troch har omke Filip Počta fan memmekant. Hy wie professor yn'e paleontology en geology oan'e Karelsuniversiteit yn Praach.

Laglerová studearre sang oan it Konservatoarium fan Praach; yn 1906 studearre se ôf. Yn 1907 en 1908 wurke se as soliste yn it Divadlo na Vinohradech. Yn 1909 sette hja ôf nei Parys om fierder te studearjen, mar troch in stimbânoandwaning koe hja har stúdzje net ôfmeitsje. Yn 1910 ferhuze se werom nei Praach en besocht se in oar fak te learen, nammentlik dat fan byldhouwer, mar fanwegen desynteresse hold se al nei in jier mei dy stúdzje op. Troch Laglerová har sweager Václav Felix (oare helte fan har tsien jier âldere suster Kamila), in professor oan de Tsjechyske Technyske Universiteit yn Praach, krige se niget oan de loftfeart.

Yn april 1911 folge se in oplieding by Hans Grade syn fleanskoalle yn Bork by Selm. Se wie syn earste froulike studint. Op de dei foar har eksamen rûn se in slimme blessuere op, wêrfoar't se behannele waard yn Nouzov. Dochs slagge se op 27 septimber 1911 foar har piloate-eksamen. Op 7 oktober 1911 wûn se yn in loftfeartwedstriid yn Hannover de sulveren beker. Dêrmei helle se de earste ynternasjonale loftfearttrofee foar Bohemen. Op 19 oktober helle se har fleanbrevet yn Dútslân mei útjeftenûmer 125. Se wie de earste Tsjechyske froulike piloat mei in fleanbrevet, mar net de earste frou dy't plaknaam yn in motorisearre fleantúch, dat wie Božena Kriegerová.

Tusken 1912 en 1913 makke Laglerová mear as ien suksesfolle flechten (benammen as sportpiloate) en hold hja in skoft op Kuba en yn de Dominikaanske Republyk ta. Yn Haïty waard har fleantúch fernield troch in lilke mannichte, wêrnei't har famylje jild stjoerde sadat se op in oare wize thúskomme koe. Se brûkte it jild lykwols om nei de Feriene Steaten te reizgjen, dêr't se oan de slach gie as kokkin en naaister om jild foar in nije fleanmasine byinoar te sparjen. Foar it begjin fan de Earste Wrâldoarloch gie se dêrmei werom nei hûs.

Yn de Earste Wrâldoarloch besocht Laglerová by de militêre loftmacht te kommen, mar waard hieltyd ôfwiisd op grûn fan har geslacht: allinnich manlju soene de loftmacht tsjinje meie. Nei de ein fan de oarloch hold se op mei fleanen, benammen om't de produksje fan it type fleantúch dat se wend wie ophold. Dêrnei wurke se as sjoernaliste en yn novimber 1925 stelde se har kandidaat foar de Nationale Arbeiderspartij by de parlemintsferkiezingen, njonken skriuwer Karel Čapek. Se joech ek sjongles en wurke as marketeer fan'e Tsjechyske loftfeartyndustry. Se wie belutsen by de Masaryk Aviation League en publisearre har memoires.

Priveelibben Op 22 april 1919 troude Laglerová mei Josef Peterka (1889 -1966), dy't op dat stuit fleanynstrukteur en ekspert yn de Tsjecho-Slowaakske loftfeartfotogrammetry wie. Yn 1930 waard er doktor yn de natuerwittenskippen by it Militêr Geografysk Ynstitút en yn 1936 universitêr haaddosint.

Laglerová ferstoar op 8 oktober 1941 yn Praach-Buondere oan in hertoandwaning. Se wenne op dat stuit yn har appartemint op Leteckástrjitte 48 (no Jugoslávskackch partyzán 48). Trije dagen letter waard se beïerdige op it begraafplak dêre.

Keppelingen om utens Božena Laglerová op THE EARLY BIRDS

Kategory:Tsjechysk piloat Kategory:Tsjechysk loftfeartpionier Kategory:Tsjechysk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1886 Kategory:Persoan stoarn yn 1941