It skaai Pyrrhula, yn it Frysk goudfinken, heart ta de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It binne stevige, rûnboude sjongfûgels mei in koarte, dikke snaffel dy't gaadlik is om sied en knoppen te kreakjen.

Meast foarkommende kleuren fan 'e fûgels yn it skaai binne read, oranje, griis, brún en wyt. Der is seksuële dimorfy, mar by guon soarten binne de ferskillen grutter as by oare soarten.

Se libje yn bosken, strûken, parken en tunen mei genôch beammen en syn iten bestiet út sied, bûkenútsjes, fruchten en knoppen fan beammen. It nêst sit goed ferside stoppe yn in beam of strûk en in lechsel bestiet út 4 oant 6 aaien.

Soarten De measte soarten binne net bedrige, mar de Azoarengoudfink (P. murina) stiet mei in lytse populaasje as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN. De Graciosagoudfink op it eilân Graciosa is om 1500 hinne útstoarn troch de Portegeeske kolonisaasje fan it eilân, itjinge late ta ferneatiging fan habitat en ynfiering fan ynvasive plantesoarten.

Soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding IUCN-status/Trend 120px Pyrrhula aurantiaca oranjegoudfink Yndia, Pakistan net bedrigestabylPyrrhula aurantiaca of BirdLife 120px Pyrrhula erythaca griiskopgoudfink Bûtan, Sina, Yndia, Myanmar, Nepal net bedrigestabylPyrrhula erythaca of BirdLife 120px Pyrrhula owstoni Taiwangoudfink(fan P. erythaca ôfsplist) Taiwan gjin status, trend ûnbekend 120px Pyrrhula erythrocephala readkopgoudfink Bûtan, Noard-Yndia, Nepal net bedrige25pxPyrrhula erythrocephala of BirdLife 120px Pyrrhula leucogenis wytwanggoudfink Filipinen net bedrige25pxPyrrhula leucogenis of BirdLife 120px Pyrrhula murina Azoarengoudfink São Miguel kwetsberstabylPyrrhula murina of BirdLife 120px Pyrrhula nipalensis brune goudfink Bûtan, Sina, Yndia, Maleizje, Myanmar, Nepal, Pakistan, Taiwan, Fjetnam net bedrigestabylPyrrhula nipalensis of BirdLife 120px Pyrrhula pyrrhula goudfink Europa en Aazje net bedrige25pxPyrrhula nipalensis of BirdLife 120px Pyrrhula crassa Graciosagoudfink Graciosa útstoarn yn it Holoseen

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Finkfûgel