De Katedraal fan Lecce (Italjaansk: Duomo di Lecce; Cattedrale dell'Assunzione della Virgine) is in katedraal yn Lecce yn Apûlje, Itaalje. De katedraal is wijd oan 'e Himelfeart fan 'e Jongfaam Marije. It is de sit fan 'e aartsbiskop fan Lecce.
Skiednis De katedraal waard ynearsten yn 1144 boud en ferboud yn 1230. Yn 1659 folge in nijbou fan 'e arsjitekt Giuseppe Zimbalo yn opdracht fan biskop Luigi Pappacoda. Dy biskop waard byset yn it oan Sint-Orontius fan Lecce wijde alter, de beskermhillige fan 'e stêd.
Beskriuwing De katedraal stiet yn it sintrum fan 'e stêd Lecce op 'e súdeastlike hoeke fan 'e Piazza del Duomo. Der lizze twa tagongen oan it plein, ien oan 'e noardkant fan it gebou en in oare oan 'e westlike kant. De katedraal dielt it plein mei oare religieuze bouwurken ynklusyf de klokketoer, de residinsje fan 'e biskop en it seminaarje. thumb|left|Barokke gevel. De haadyngong leit yn 'e noardlike gevel, in masterwurk fan barokke keunst. It sintrale portaal is tagonklik oer in trep. Oan wjerskanten fan it portaal steane twa massive pylders op fjouwerkante bases, dêr't bûten nissen binne mei bylden fan Sint-Justus (oan 'e rjochterkant) en Sint-Fortunato (oan 'e lofterkant). Boppe de balustrade stiet in byld fan 'e patroanhillige fan Lecce, Sint-Orontius. It westlike portaal is gevel mei pilasters en bylden fan Petrus en Paulus oan wjerskanten fan 'e tagong. In par fan é gevel oan 'e rjochterkant ferdwynt efter it oanbuorjende bisdomsgebou.
Ynterieur De katedraal hat in oerflak fan in Latynsk krús mei trije skippen, dy't fan inoar skieden wurde troch pilasters en pylders. It haadalter stiet oan 'e eastlike ein fan 'e tsjerke. It sintrale skip en it dwersskip hat in houten kassetteplafond út 1685 mei skilderijen fan Giuseppe da Brindisi dy't de Preek fan Sint Orontius, de Beskerming tsjin 'e Pest, de martlerdea fan Sint-Orontius en it Lêste Jûnsmiel foarstelle. thumb|left|Haadalter. De katedraal hat tolve sydkapellen, allegear mei in eigen alter mei keunstwurken fan Giuseppe da Brindisi, Oronzo Tiso, Gianserio Strafella, G. Domenico Catalano en G.A. Coppola.
It haadalter is makke fan moarmer en ferguld brûns en ûntstie ûnder biskop Sersale. It waard yn 1757 wijd troch biskop Sozi Carafa, dy't ek opdracht joech foar it grutte sintrale skilderij, de Himelfeart fan Maria fan Oronzo Tiso (1757) en oan wjerskanten skilderijen fan it Offer fan de Profeet Elia en it Offer fan Noach nei de Floed (1758). De koerbanken en de biskopstoel binne yn opdracht fan biskop Fabrizio Pignatelli yn 1797 ûntwurpen troch Emanuele Manieri.
De krypt fan 'e katedraal út 'e 12e iuw ûndergie yn 'e 16e iuw barokke oanpassingen. Der steane 92 pylders mei fersierde kapitelen en de krypt ha twa barokke kapellen.
klokketoer De klokketoer waard yn 'e jierren 1661–1662 boud troch de arsjitekt Giuseppe Zimbalo út Lecce op fersyk fan biskop Luigi Pappacoda. De toer waard boud om de eardere Normandyske klokketoer te ferfangen, oprjochte troch Goffredo d'Altavilla, dy't oan 'e begjin fan 'e 17e iuw ynstoarte. De toer hat in fjouwerkante basis, is fiiflidde en wurdt bekroand mei in achthoekige majolikakoepel mei in izeren byld fan Sint-Orontius. Op in hichte fan 72 meter biedt de klokketoer útsjoch oer de Adriatyske See en op heldere dagen binne sels de bergen fan Albaanje sichtber.
Katedraal Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Bouwurk út 1689 Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje