De kroankraanfûgels (Balearica) foarmet in fûgelskaai út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It skaai bestiet út twa soarten: de swarte kroankraanfûgel (Balearica pavonina) en de grize kroankraanfûgel (Balearica regulorum).
De noch besteande twa soarten komme yn Afrika súdlik fan 'e Sahara foar. It binne de iennige kraanfûgels dy't harren nêsten yn beammen bouwe kinne. Dat is ek ien fan 'e redenen dat tocht wurdt dat de relatyf lytse kroankraanfûgels in soad lykje op 'e foarâlderlike leden fan 'e kraanfûgels.
Lykas alle kraanfûgels ite se ynsekten, reptilen en lytse sûchdieren.
Taksonomy It skaai waard troch de Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson yn 1760 mei de swartekroankraanfûgel as de typesoarte fêstlein. De namme stamt fan it Latynske Baliaricus, itjinge "fan 'e Balearen" betsjut, mar de fûgels hawwe dêr neat mei út te stean.
Soarten Ofbyld Wittenskiplikenamme Fryske namme Fersprieding Status/Trend150px Balearica pavoninatwa ûndersoarten:B. p. pavoninaB. p. ceciliae swarte kroankraanfûgel 150px kwetsber25pxBalearica pavonina op BirdLife150px Balearica regulorumtwa ûndersoartenB. r. gibbericepsB. r. regulorum grize kroankraanfûgel 150px bedrige25pxBalearica regulorum op BirdLife
Kategory:Kraanfûgel Kategory:Fûgelskaai