De Sibearyske kraanfûgel (Leucogeranus leucogeranus) is in earnstich bedrige fûgel út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Leucogeranus.
Skaaimerken thumb|left|Fûgels yn it Fûgelpark Walsrode (Dútslân). Folwoeksen fûgels ha in hast folslein wyt fearrekleed, útsein swarte hânpinnen (de bûtenste wjukfearren) en in read plak fan 'e snaffel oant efter it each. Se ha giele irissen en readeftige poaten. Mantsjes wurde 140 sm grut en weagje mear as 10 kg. Wyfkes binne wat lytser en ha koartere snaffels. Jonge fûgels binne brunich en ha blauwe eagen, dy't nei seis moannen giel wurde.
Fersprieding Sibearyske kranen briede op 'e sompige toendra fan Jakûtsje yn Ruslân en westlik Sibearje. De eastlike populaasje oerwinteret oan 'e Yangtze en de Poyanmar yn Sina en de westlike populaasje (dy't fral út weryntrodusearre fûgels bestiet) oerwinteret yn Fereidoonkenar en Isfahan yn Iran. In sintrale populaasje dy't yn it Nasjonaal Park Keoladeo yn Yndia oerwintere bestiet net mear en is útstoarn. De lêste waarnimming fan in fûgel fan 'e sintrale populaasje wie yn 2002.B.K. Sharma, Seema Kulshreshtha, Asad R. Rahmani: Faunal Heritage of Rajastan, India, Volume 1, side 201
Hâlden en dragen thumb|left|Briedende fûgel yn Tennoji Zoo, Osaka, Japan. De fûgels binne omnivoar en frette wetterplanten, beien, sied, kjifdieren, fisk en ynsekten. Se migrearje oer ûnbidich grutte ôfstannen. De Sibearyske witte kraan libbet yn sompich gebiet en is fan 'e kraanfûgels it meast oan wetter bûn.
It Guinness Book of World Records neamt in Sibearyske kraanfûgel, dy't de langsts libjende fûgel west hawwe soe. Dy fûgel mei de namme Wolf waard 82 jier âld en ferstoar yn it International Crane Center yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin yn 1988.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2018 troch BirdLife International op 3.500 oat 4.000 fûgels rûsd op basis fan tellingen yn 2008, 2011 en 2012. De populaasje naam ôf troch it ferlies oan habitat. De eastike populaasje, dy't yn Sina oerwinteret en in grut part fan 'e totale populaasje útmakket, hat slim te lijen hân fan 'e drûchlizzing troch de Trijekleauwedaam en oare wetterprojekten dêre. Ek de jacht en de oaljewinning foarmje wichtige bedrigingen. De Yndiaaske populaasje is ferdwûn en de lêste waarnimming dêr datearret út 2002. Dêrfandinne wurdt de soarte as krityk op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre. De soarte stiet yn Taheakke I fan it CITES-ferdrach. thumb|260px|Jonge Sibearyske kranen leare yn it kweeksintrum fan it Natuerreservaat Oka yn Europeeske Ruslân fan ferklaaide ornithologen hoe 't se iten sykje moatte.Live Journal: Beskerme Ruslân, 15 novimber 2011
De soarte wurdt ek beskerme troch de dielferdragen fan 'e Convention on the Conservation of Migratory Species of Wild Animals. Mei 10 miljoen dollar subsydzje fan it United Nations Environment Programme is it Siberian Crane Wetland Project opset foar it behâld fan 'e soarte. Yn in oantal lannen binne fokprogramma's ûntwikkele en der binne no hûnderten fûgels yn finzenskip yn briedsintra. Diergaarde Blijdorp yn Rotterdam koördinearret it European Endangered Species Programme (it Europeeske fokprogramma) fan 'e soarte.
In 2002 fleach de Italjaan Angelo d'Arrigo 5.500 kilometer mei in motorisearre hangglider fan Noard-Sibearje nei de Kaspyske See om omtinken te freegjen foar de fûgel en te helpen de soarte te rêden. Dêrby hold er in groep Sibearyske kranen selsskip nei harren oerwinteringsgebiet. De fûgels wiene yn finzenskip berne en beskôgen him as harren âlder.
De bettere beskerming fan it habitat fan 'e fûgel hat fertuten dien en yn 2025 waard bekend makke dat de lêste tellingen fan 'e eastlike populaasje troch Ruslân en Sina krapoan in ferdûbeling fan 'e populaasje útwiisden oant 7.000 fûgels.Mongabay: Near-extinct Siberian crane is recovering thanks to habitat protection, 9 jannewaris 2025
Keppeling om utens Siberian Crane Wetland Project
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sibearyske kraanfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan