De grize kroankraanfûgel (Balearica regulorum) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai kroankraanfûgels (Balearica) út de famylje fan 'e kraanfûgels (Gruidae).
Skaaimerken thumb|left|Kop fan 'e grize kroankraan. Grize kroankraanfûgels wurde 100–110 sm lang, weagje tusken trije oant fjouwer kg en ha in spanwiidte fan 1,80–2,00 m. Syn fearren binne spektakulêr en meast blaugriis mei in swart en wyt gesicht en in kroan fan giele pluimen en in brune sturt. Jonge fûgels binne oer it algemien griis mei brún op 'e kroan en nekke, griis oant brún op it lichem en brune eagen. De swarte kroankraanfûgel ûnderskiedt him fan 'e grize kroankraanfûgel troch syn donkerder laaigrize fearren, lytsere reade plakken op it gesicht en in readwyt plak op 'e wang ynstee fan wyt. Syn rop bestiet út sêfte, relatyf tsjustere en melancholike trompetlûden.
Fersprieding De grize kroankraan komt foar yn eastlik en súdlik Afrika en wurdt yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
Balearica regulorum gibbericeps - Uganda en Kenia oant noardlik Simbabwe en noardlik Mozambyk. Balearica regulorum regulorum – súdlik Angoala en noardlik Namybje oant Simbabwe en eastlik Súd-Afrika
Hâlden en dragen De grize kroankraan libbet op wiet lân, greiden dy't splis steane en wettergebieten, dy't troch minsken makke binne, mar kin breder sjoen wurde yn iepen lânskippen by it sykjen nei iten. De soarte is in stânfûgel, mar kin lokaal nomadysk wêze yn reinseizoenen.
Status De grize kroankraanfûgel wurdt bedrige troch ferlies, fragmintaasje en degradaasje fan habitat, minsklike fersteuring en yllegale streuperij fan sawol fûgels as aaien. As gefolch dêrfan is de soarte sûnt teminsten healwei de jierren 1980 sterk yn oantal ôfnommen. Resinte ynspanningen ta behâld fan 'e populaasje hawwe de oantallen yn Rûanda, Sambia en Uganda fergrutte. De populaasje waard yn 2024 op 20.100 oant 24.600 folwoeksen fûgels rûsd.
Kultuer De grize kroankraan is de nasjonale fûgel fan Uganda en stiet op 'e flagge en it wapen fan it lân.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kroankraanfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe