De Museumferiening (Museumvereniging, MV) is in feriening fan Nederlânske musea. Goed fiifhûndert musea binne by de feriening oansletten.
De Nederlânske Museumferiening rjochtet him op de belangebehertiging en de profesjonalisearring fan har leden en it befoarderjen fan museumbesite. Sy fasilitearret de Stichting Museumregister Nederland (dy't musea in status fan erkenning jout) en de 'Etische Codecommissie voor Musea'. Fierder slút de Museumferiening de "Museum CAO" ôf. De Museumferiening is fia de Stichting Museumkaart ferantwurdlik foar de útjefte fan de Museumkaart, dêr't sa'n 400 fan de 500 leden fan de feriening oan meidogge. Hâlders fan de kaart hawwe in jier lyn tagong ta dy musea. Boppedat is de feriening ferantwurdlik foar de organisaasje fan it Nederlânske Museumwykein.
Yn 1926 waard de Nederlânske Museumferiening (NMV) oprjochte as in gearkomste fan museumdirekteuren. Yn 2003 waard de Stichting Museumkaart yntegrearre yn it NMV. Yn 2006 groeide de organisaasje út ta oerkoepeljende organisaasje fan Nederlânske musea. It NMV wie organisearre yn tsien fakynhâldlike seksjes, dy't stúdzjedagen en workshops organisearre. Dêrneist wie der de Feriening fan Ryksmusea (VRM). De beide koepelorganisaasjes binne per jannewaris 2014 fusearre ta De Museumvereniging, mei de juriste Irene Asscher-Vonk as earste foarsitter.
Keppeling om utens Offisjele webside
Kategory:Nederlânske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1926