It Iepenloftmuseum Ellert en Brammert is in iepenloftmuseum yn Schoonoord oer de kultuerhistoarje fan Súdeast-Drinte.
Skiednis It museum is opset by gelegenheid fan de fiering fan it 100-jierrich bestean fan Schoonoord yn 1954 en fan de oanlis fan it Oranjekanaal tusken 1853 en 1861. Ta oantinken oan it libben út eardere jierren besletten de Schoonoorders dizze tiid op'e nij ta libben te bringen. By it iuwfeest waarden dêrom inkelde plaggehutten op 'e nij boud, sa't dy yn de 19e iuw yn dit gebiet boud waarden troch de seizoenarbeiders. Der bliek in soad belangstelling foar (it libben yn) de plaggehutten te bestean en der waard besletten om de bebouwing stean te litten. Yn de rin fan de jierren is it iepenloftmuseum hieltyd fierder útwreide.
Leginde It museum is ferneamd nei de twa reuzen Ellert en Brammert dy't hjir neffens de leginde fjouwerhûndert jier lyn op it plak fan hjoeddeiske museum, it Ellertsfjild libbe hawwe soene. Der binne twa grutte bylden fan se makke dy't op it parkearterrein by de yngong fan it museum de besikers 'ferwolkomje'.
Ofbylden
Kategory:museum yn Drinte Kategory:Iepenloftmuseum yn Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1954