thumb|Topografyske kaart fan Skylge, septimber 2023 De Earste Slinke is in tijslinke; in wetterril dêr't eb- en floedwetter troch streamt, dy't oan de súdeastkant fan Skylge leit.

Beskriuwing De Earste Slinke is de grutste van de fiif grutte slinken fan Skylge, dy't fan West nei East nûmere binne. De Earste Slinke is wat der tebek is fan it Koggedjip, in seegat dat ea de skieding wie tusken it âlde Skylge en de Boskplaat. Begjin 19e ieu wie de noardside fan it seegast sa fersânne dat de ferbining stomprûn. De waadside waard sa omfoarme ta in ôfwettering foar floedwetter wat oerkaam. Yn 1835, lykwols, wie de skieding noch sa leech dat by in noardwesterstoarm in fiskerman ûnkeazen dêrtroch fan de Noardsee yn de Waadsee kaam. Yn de 20e iuw waard de Derk Hoekstra Stodyk oanlein om fierdere trochbrekken foar te kommen. Mei dat is de Boskplaat definityf part fan Skylge wurden.

Tij Om't it tij op it Waad fan West nei East rint, is by de Earste Slink folsee dêr likernôch 1 oere letter as op West. Oarsom is by ebbe it ferskil 1,5 oere, wat ferklearre wurdt troch de needsaak foar it ebwetter om de troch de slinken te rinnen yn stee dan oer de sânplaten hinne.

It ferskil yn de hichte fan it tij is sa'n 2 oant 2,5 meter, ôfhinlik fan de tiid fan de moanne.

Bewenning De Slinke is de âlde natuerlike grins tusken it natuerlân nei easten ta en it kultuerlân nei it westen ta. Bûten de briedtiid lukt de Boskplaat in protte fûgeltsjelju. Easten lizze de Earste Dúntsjes, en dêrfoarby de Twadde Slinke. West is it earste doarp Easterein, sa'n 5 km nei it westen.

Sjoch ek Fryske wetters

Kategory:Wetter op Skylge Kategory:Waadsee