De jufferkraanfûgel (Anthropoides virgo) is in fûgel út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai jufferkraanfûgels (Anthropoides). Guon taksonomen sette de jufferkraan mei de oare soarte fan dat skaai yn it skaai Grus.

Taksonomy Tradisjoneel wurdt de jufferkraan tegearre mei de blauwe kraan yn it skaai Anthropoides set. Neffens DNA-ûndersyk soenen de twa soarten yn it skaai Grus thúshearre, mar dêr is gjin ienriedigens oer en wylst guon taksonomen útstelden om Anthropoides wer mei Grus gear te foegjen, keazen Clements et al. yn 2019 om se yn Anthropoides te hâlden en Grus op te splitsen yn trije skaaien: Grus, Leucogeranus en Antigone. De measte moderne systemen (IUCN, BirdLife) behannelje de Anthropoides apart as in lytse, dúdlik te ûnderskieden line.

Skaaimerken thumb|left|Kop. Jufferkraanfûgels binne folle lytser as gewoane kraanfûgels (Grus grus) en de soarte ûnderskiedt him ek troch syn lange wite earplommen en langwerpige swarte boarstfearren. De elegante fûgel is fierder griis mei efter grize plommen mei swarte einen.

Hy hat in lingte fan 90-100 sintimeter en in spanwiidte fan 165-185 sintimeter. Jonge fûgels binne griis op 'e kop en nekke en hawwe lytsere, grize earplommen.

Fersprieding Jufferkranen binne trekfûgels dy't yn Sintraal-Euraazje fan 'e Swarte See oant Mongoalje en noardeastlik Sina op drûge grûn yn iepen flakten en op hege plato's briede. In isolearre populaasje komt ek foar yn Turkije en oant koartlyn yn it Atlasberchtme fan noardwest-Afrika, dêr't er no útstoarn is. Yn 'e winter migrearret er nei it Yndiaaske subkontinent en súd fan 'e Sahara fan 'e Tsjaadmar oant Etioopje, dêr't er op greidlân, sompen en fjilden sjoen wurdt. De fûgel wurdt ek geregeldwei op Syprus waarnommen.

Hâlden en dragen De soarte briedt yn 'e maitiid, benammen fan april oant maaie, mar yn it noarden noch oant let yn juny. It nêst is tige spartaansk, mei twa aaien dy't fuort op 'e grûn lein wurde, mei somtiden wat stientjes en plantemateriaal. De aaien wurde yn 27-29 dagen útbret en de jongen fleane nei 55-65 dagen út.

De jufferkraanfûgel yt benammen sied en oar plantemateriaal en yn 'e simmer ek ynsekten (benammen krobben) en wjirms, hagedissen en lytse wringedieren. Grutte kloften foerazjearje op ikkers en kinne skea oan it gewaaks bringe. Status thumb|left|Jufferkranen yn Rajastan, Yndia. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der oannommen dat de populaasje fierder groeit, al binne der regionale ferskillen en binne der ek stabile of ôfnimmende populaasjes. In wichtich wintergebiet foarmje de omkriten fan Khichan, in doarp yn it Phalodi distrikt fan Rajasthan mei tsientûzenen oerwinterjende jufferkranen. Dêr is bygelyks waarnommen dat de oantallen tanimme.Ramsar Information Sheet, 4 juny 2025. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt op 230.000–261.000 fûgels rûsd. Europa telt nei alle gedachten 9.700–13.300 breidpearen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Jufferkraanfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen