De muontsekraan if mûntsekraanfûgel (Grus monacha) is in fûgel yn it skaai gewoane kraanfûgels (Grus) út 'e famylje kraanfûgels (Gruidae).
Skaaimerken thumb|left|Fûgels yn Japan. De muontsekraan is in relatyf lytse kraan mei in lingte fan 100 sintimeter. De kop en it boppeste diel fan 'e nekke is wyt, útsein in read bleat plak boppe it each. Fierder is de fûgel donker. De ferlykbere wytnekkraanfûgel (Antigone vipio) hat grize halskanten en in grutter read plak op it gesicht om it each hinne. De roppen binne helder en lûd.
Fersprieding De soarte is in trekfûgel dy't lokaal briedt yn súd-sintraal en súdeastlik Sibearje en noardwestlik Mantsjoerije. Mear as 80% fan 'e wrâldpopulaasje oerwinteret yn súdlik Japan, mar hy oerwinteret ek yn Sina. Yn 'e maitiid wurde net-folwoeksen fûgels geregeldwei waarnommen yn westlik Sibearje, tusken de rivieren de Ob en de Irtysj, mar ek yn it hiele noardwestlike diel fan Kazachstan. Yn desimber 2011 waard de muontsekraan tegearre mei Kanadeeske kraanfûgels sjoen yn 'e Amerikaanske steat Tennessee en yn febrewaris 2012 waard nei alle gedachten deselde fûgel sjoen yn súdlik Indiana.
Systematyk De fûgel is it nauwst besibbe oan 'e swarthalskraanfûgel (Grus nigricollis), dy't op syn beurt it nauwst besibbe is oan de gewoane kraan (Grus grus). De muontsekraanfûgel wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Fersprieding De muontsekraanfûgel briedt yn ôfsidige boskgebieten yn heechlân, meast yn 'e permafrostsône. Hy oerwinteret yn swietwettergebieten, sompige greiden, lânbougebieten en kustflakten. De soarte wurdt benammen sjoen as se op rysfjilden en greiden foerazjearje, mar kin ek sjoen wurde yn oare habitats.
Status De wrâldpopulaasje fan 'e fûgel is neffens in rûzing út 2012 tusken 6.000 en 15.000 folwoeksen fûgels grut. Yn in rapport fan 2019 fan Crane Conservation Strategy wurdt in rûzing fan 14.500 oant 16.000 neamd.IUCN SSC Crane Specialist Group – Crane Conservation Strategy, review Hooded Crane, 2019 Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal tanimt. It oerwinteringsgebiet is beheind mei mar njoggen lokaasjes. Op in oantal dêrfan nimt it oantal ta (lykas Izumi yn Japan en Suncheon yn Súd-Koreä), mar op 'e oare plakken nimme de oantallen noch jimmeroan ôf. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer kategorisearret de soarte dêrom as kwetsber (Vulnerable, 2016) op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gewoane kraanfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä