Bommelwereld is in yndoar attraksjepark yn Groenlo yn de Gelderske gemeente East-Gelre. De ferskate attraksjes binne tematisearre nei personaazjes út de tekenteltsjes rige oer Olly B. Bommel fan Marten Toonder. It park is ûnderdiel fan fakânsjepark Marveld Recreatie. It leit oan de N18, de loads dêr't it park yn húsfeste is, is foarmjûn as it kastiel Bommelstein.

Skiednis Bommelwereld is in idee fan Edwin Bomers, eigener fan fakânsjepark Marveld Recreatie. Hy wie nei eigen sizzen op syk nei in Nederlânsk ikoan dêr't er syn ûndernimming "in gesicht mei jaan koe". Hy keas foar it stripduo Hear Bommel en Tom Poes, yntrodusearre yn de 1940-er jierren.

It konsept foar it attraksjepark waard ein 2019 presintearre oan de gemeente East-Gelre. En der waard nau gearwurke mei de Toonder Compagnie, dat de rjochten op Toonders syn wurk beheart. De bou fan it attraksjepark begûn yn septimber 2023. It ûntwerp is fan de hân fan Jora Vision en kaam nei twa jier yn septimber 2025 ree.

It al besteande partikuliere Toonder-museum De Bommelzolder yn Zoeterwoude is nei it attraksjepark ferhuze. It park telt 20 attraksjes, wêrûnder in achtbaan en in beamstamattraksje.

Kategory:Bouwurk yn East-Gelre‎ Kategory:Ferdivedaasjepark yn Gelderlân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2025 Kategory:Olly B. Bommel