De saruskraanfûgels (Antigone) foarmet in fûgelskaai út de famylje kraanfûgels (Gruidae).

Saruskraanfûgels binne relatyf grut en langpoatich en ha in treftige hâlding, de saruskraanfûgel ((Antigone antigone) is sels de grutste kraanfûgel fan 'e wrâld. Opfallend by it skaai is de reade hûd op 'e kop en somtiden ek op 'e hals. De saruskraan hat bygelyks in brede reade halsring, en ek de brolgakraanfûgel en wytnekkraanfûgel hawwe reade dielen. Oar it generaal ha se in griis fearrekleed mei bytiden ek wat sulvergriis of readbrún. Se ha gjin dúdlike patroanen, lykas by guon soarten (de gewoane kraanfûgel hat bygelyks swarte-wite kontrasten). De wjukken binne lang en breed en gaadlik foar de glydflecht en de skermfearren (tertials) falle faak as lange "mantel" oer de sturt.

Antigone-soarten binne ferneamd om harren dûbelrop (man en wyfke tagelyk), dat se dogge om it gebiet ôf te beakenjen.

Saruskraanfûgels komme benammen yn iepen lânskippen mei in kombinaasje fan wetter en gerslân (sompen, rysfjilden, flakten) foar. Mar de brolgakraanfûgel wurdt ek op drûgere flakten waarnommen, mar noch altyd yn 'e neite fan wetter.

It binne omnivoaren en se ite planten, sied, ynsekten, lytse wringedieren.

Se bouwe grutte nêsten fan plantemateriaal, meastentiids yn it wetter of op in eilantsje. In lechsel bestiet yn 'e regel út twa aaien.

Taksonomy Earder waarden alle kraanfûgels yn it skaai Grus ûnderbrocht. Ut DNA-analyses die bliken dat it skaai net monofyletysk wie en dêrfandinne waarden de saruskraanfûgels wer yn it aparte skaai Antigone set. De IOC World Bird List brûkt de namme Antigone foar de fûgels, mar yn âldere publikaasjes of troch guon autoriteiten wurdt noch jimmeroan it skaai Grus brûkt.

Soarten It skaai bestiet út fjouwer soarten:

Ofbyld Wittenskiplikenamme Fryske namme Fersprieding Status/Trend150px Antigone antigone Saruskraanfûgel 150px kwetsber25pxAntigone antigone op BirdLife150px Antigone canadensis Kanadeeske kraanfûgel 150px net bedrige25pxAntigone canadensis op BirdLife150px Antigone rubicunda Brolgakraanfûgel 150px net bedrigestabylAntigone rubicunda op BirdLife150px Antigone vipio Wytnekkraanfûgel 150px kwetsber25pxAntigone vipio op BirdLife

Kategory:Kraanfûgel Kategory:Fûgelskaai