De jufferkraanfûgels (Anthropoides) foarmet in fûgelskaai út de famylje kraanfûgels (Gruidae). Jufferkraanfûgels wurde faak yn it skaai Grus opnommen.
Jufferkraanfûgels binne lytser en himpener as de gruttere kranen fan it skaai Grus en Antigone. De fûgels ha in sierlike en elegante ferskining en wurde dêrom jufferkraanfûgels neamd.
It fearrekleed is blaugriis mei somtiden in sulvergrize of ljochtbrune gloed. Se ha in lange hals mei by de jufferkraan sierfearren. Lykas by oare kraanfûgels ha jufferkraanfûgels lange skermfearren (tertials), dy't as in mantel oer de sturt hinne lizze. De sturt is koart.
Jufferkraanfûgels komme benammen yn iepen lânskippen, drûge flakten en greidlân foar. It binne omnivoaren en se ite planten, siedn, ynsekten en lytse wringedieren. Se briede op drûge flakten en in lechsel bestiet út twa aaien.
Soarten It skaai bestiet út twa soarten: Ofbyld Wittenskiplikenamme Fryske namme Fersprieding Status/Trend150px Anthropoides paradiseus blauwe kraanfûgel Súd-Afrika150px kwetsber25pxAnthropoides paradiseus op BirdLife150px Anthropoides virgo jufferkraanfûgel Sintraal-Euraazje fan 'e Swarte See oant Mongoalje en Noardeast-Sina.150px net bedrige25pxAnthropoides virgo op BirdLife
Kategory:Kraanfûgel Kategory:Fûgelskaai