Lauryn Hill (East Orange (New Jersey), 26 maaie 1975) C Nickson, Lauryn Hill: She's Got That Thing, New York: St Martin's Press 1999, s. 10.) is in Amerikaanske hiphop-sjongeres, songwriter en aktrise.

Libben en wurk Hill groeide yn in relatyf goede buert op as dochter fan in learares Ingelsk en in kompjûteradviseur. Op mei jonge jierren wurke se mei oan de soapsearje As the World Turns en de film Sister Act 2.

Doe't se op de middelbere skoalle Pras Michel en Wyclef Jean moete, begûnen se in hiphopgroep: de Fugees. It earste album fan de groep, Blunted on Reality (1994), sloech net oan, mar harren liveoptredens holden de trije oan it wurk. Mei it twadde en tagelyk lêste album fan de groep, The Score (1996), brutsen se troch.

Nei it útinoar gean fan de Fugees besochten de ferskate leden it solo. Hill die bliken it suksesfolst te wêzen: fan it album The Miseducation of Lauryn Hill waarden oer de hiele wrâld tsien miljoen eksimplaren ferkocht en Hill hie ferskate hits. Ek waard se de earste frou dy't tsien kear nominearre waard foar in Grammy en der fiif wûn. Yn 2020 kaam dit album yn de top 10 fan de 500 bêste albums fan alle tiden fan it Amerikaanske blêd Rolling Stone. The 500 Greatest Albums of All Time - The classics are still the classics, but the canon keeps getting bigger and better. Argivearre op 30 augustus 2023.

Dêrnei die Hill produksje- en skriuwwurk foar ûnder oaren Aretha Franklin en Mary J. Blige. Ek pakte se it aktearjen wer op.

Op 22 maaie 2024 waard The Miseducation of Lauryn Hill troch Apple Music útroppen ta nûmer 1 op de list 100 Bêste Albums.

Priveelibben Lauryn Hill hat fiif bern mei de eardere Amerikaanske fuotballer en hjoeddeiske muzikant Rohan Marley, in soan fan 'e ferstoarne reggaemuzikant Bob Marley. Neffens Rohan Marley hat har sechsde bern in oare heit. Lauryn Hill Welcomes Sixth Child, People (online), sjoen op 14 augustus 2011

Yn 2013 waard Lauryn Hill feroardiele ta trije moannen finzenisstraf foar belestingûntdûking nei't se gjin belesting oanjûn hie oer $1,8 miljoen oan ynkommen tusken 2005 en 2007. In rjochtbank yn Newark, New Jersey, joech har ek trije moannen hûsarrest op. Hill hie skuld bekend. Steuerhinterziehung: Lauryn Hill muss ins Gefängnis. Yn: orf.at, 7 maaie 2013.

Diskografy Sjoch :de:Lauryn Hill#Diskografie

Filmografy +List fan film- en telefyzjerollen Jier Film Rol 1991 As the World Turns Kira Johnson (telefyzje, weromkommend) 1992 Here and Now Benita (telefyzje, ien kear) 1993 King of the Hill Liftbetsjinner 1993 Sister Act 2: Back in the Habit Rita Louise Watson 1996 ABC Afterschool Specials Malika (tf, ien optreden) 1997 Restaurant (1998 film) Leslie 1997 Hav Plenty Debra (cameo) 2014 Concerning Violence Ferteller

Toernees Smokin' Grooves Tour (mei Fugees, Cypress Hill, Ziggy Marley, A Tribe Called Quest, Busta Rhymes en Spearhead) (1996) Refugee Camp Tour (mei Fugees) (1997) The Miseducation Tour (1999) Smokin' Grooves Tour (mei The Roots en Outkast) (2002) Reunion Tour (mei Fugees) (2005) Moving Target: Extended Intimate Playdate Series Tour (2011) Life Is Good / Black Rage Tour (mei Nas) (2012) Homecoming Tour (2013–2014) Small Axe Tour (2015) MLH Caravan: A Diaspora Calling! Tour (2016–2017) PowerNomics Tour (mei Nas) (2017) The Miseducation of Lauryn Hill 20th Anniversary World Tour (2018–2019) Ms. Lauryn Hill Live in Concert (2020) The Miseducation of Lauryn Hill 25th Anniversary Tour (mei Fugees) (2023)

Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk muzykprodusint Kategory:Grammy-winner Kategory:Persoan berne yn 1975