Middenamerikaanske kwarteldowen (Zentrygon) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).
Taksonomy Middenamerikaanske kwarteldowen binne grûnbewenjende dowen út Midden- en Súd-Amearika, dy't eartiids ûnderbrocht waarden yn it skaai Geotrygon. DNA- en morfology-ûndersyk wiisde út dat dy groep net ien gearhingjende ôfstamming foarme en dêrom is it Zentrygon ôfsplitst en yn 2013 yn in selsstannich skaai set. De typesoarte is de Kostarikaanske kwarteldo (Zentrygon costaricensis).Banks, Weckstein, Remsen & Johnson, Zootaxa (3669: 184-188).
Beskriuwing Middenamerikaanske kwarteldowen binne middelgrutte oant relatyf grutte grûndowen mei in wat knobige bou. Se lykje troch har foarm en hâlding wat op kwartels. In soad soarten hawwe in kombinaasje fan grienige, brune en readeftige tinten mei in faak ûnderskiedende smelle streek oer it each of in heldere snaffelbasis. De poaten binne meast readeftich.
De soarten libje fan súdlik Meksiko oant yn Kolumbia, Ekwador en westlik Brazylje, meast yn berchwâlden en heuvellân, soms ek leger lizzende reinwâlden of healiepen bosk. Se skarrelje lykas kwartels op 'e grun om. Fleanen dogge se net faak, allinnich lytse stikjes as se flechtsje moatte of fersteurd wurde.
Lykas by de measte dowen ha se ienfâldige nêsten, meast yn lege strûken of beammen, somtiden ek op 'e grûn. In lechsel bestiet yn 'e regel út twa aaien.
Soarten It skaai telt acht soarten: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding IUCN-status/Trend 120px Zentrygon albifacies wytwangkwarteldo El Salvador, Gûatemala, Hondoeras, Meksiko, Nikaragua net bedrige25pxZentrygon albifacies op BirdLife 120px Zentrygon carriker Tuxtla kwarteldo Meksiko bedrige25pxZentrygon carriker op BirdLife 120px Zentrygon chiriquensis Chiriqui kwarteldo Kosta Rika, Panama net bedrige25pxZentrygon chiriquensis op BirdLife 120px Zentrygon costaricensis Kostarikaanske kwarteldo Kosta Rika, Panama net bedrige25pxZentrygon costaricensis op BirdLife 120px Zentrygon frenata wytkielkwarteldo Argentynje, Bolivia, Perû net bedrigestabylZentrygon frenata op BirdLife 120px Zentrygon goldmani rôzekroankwarteldo Kolombia, Panama hast bedrigestabylZentrygon goldmani op BirdLife 120px Zentrygon lawrencii poarperrêchkwarteldo Kosta Rika, Panama net bedrige25pxZentrygon lawrencii op BirdLife 120px Zentrygon linearis leijekwarteldo Kolombia, Trinidad en Tobago, Fenezuëla net bedrigestabylZentrygon linearis op BirdLife
Kategory:Dofûgel Kategory:Fûgelskaai