De langsturtgrûndo (Uropelia campestris) is in fûgelsoarte út de famylje dofûgels (Columbidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Uropelia.

Skaaimerken De langsturtgrûndo is in tige lytse do fan likernôch 16 sm mei in lange sturt. De boppekant is brúnich, de ûnderkant is wytich. Op 'e wjukken hat de do swarte plaken en in pear plakjes dy't by goed ljocht irisearjend pears binne. Fierder hat de do in giele eachring en giele poatsjes. Yn 'e flecht hat de sturt in V-foarm mei swarte kanten en wite punten.

Fersprieding De fûgel komt foar yn West-Sintraal Brazylje (Mato Grosso) en it buorlân Bolivia. De fûgel is net ferdield yn ûndersoarten (earder wiene dat twa).

Langsturtdowen wurde waarnommen op greidlân, mar ek wol op op savannes en oan boskrânen. Hy siket foaral sied en lytse plantendielen op 'e grûn, lykas oare grûnbefinnende dowen.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Langsturtgrûndo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje