Griene man is in term mei in ferskaat oan konnotaasjes yn 'e folkloare fan Ingelân.
Yn 'e Ier-Moderne Tiid wie yn Ingelân it stal fan in man klaaid yn leafblêden, en ornaris mei in houtene kneppel yn 'e hân, in fariant fan 'e bredere Jeropeeske heraldyske motyf fan 'e wyldeman. Tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw waard de term 'griene man' yn Ingelân brûkt foar in man dy't oerdutsen mei blêden en moas dielnaam oan optochten of seremoanjes. Fakentiden hie sa'nent de funksje fan 'e whiffler, ien dy't in paad troch de minskemannichte klearret foar de optocht dy't of it optreden dat efter him oan komt. Fan 'e santjinde iuw ôf waarden sokke figueren gauris brûkt yn 'e nammen fan pubs en dêrom neiskildere op úthingbuorden.
Yn 1939 publisearre Julia Somerset, lady Raglan in ynfloedryk artikel yn it tydskrift Folklore, wêryn't se it artistike motyf fan 'e griene man út 'e Midsiuwske tsjerke-arsjitektuer yn ferbân brocht mei oare "griene" konsepten, lykas de heraldyske griene man, de pubs dy't ferneamd wiene nei de griene man, it Jack in the Green-kostúm út 'e Ingelske folkstradysjes en de fierings fan Maaiedei (1 maaie). Hja brocht yn it artikel de teory op 't aljemint dat de griene man eins in heidenske fruchtberensgodheid foarstelt en yn 'e kultuer fan 'e prekristlike Angelsaksen trochkrongen wie út it leauwe fan 'e eardere Keltyske bewenners fan Ingelan dy't nei de ferovering fan harren lân (troch de fan it Jeropeeske fêstelân ôfkomstige Angelsaksen) kultureel assimilearre waarden.
Dat idee is bestriden troch oare folkloristen, dy't úthâlde dat lady Raglan gjin bewizen oandroegen hat foar de troch har ûnderstelde bân tusken de ferskillende eleminten dy't hja yn har artikel ta ien gehiel oaninoar reau, noch foar it idee dat de griene man fan heidenske oarsprong is. Nettsjinsteande dat is de teory fan lady Raglan tige dreech út te rûgjen bleken. Fan 'e 1960-er jierren ôf waarden har ideeën oannommen troch de New Age-beweging en Ingelske denominaasjes fan it moderne heidendom, wêryn't de griene man beskôge wurdt as in mytysk wêzen dat ticht by de natoer stiet. Guon auteurs binne fan tinken dat de griene man in jungiaansk archetype fertsjintwurdiget. De opkomst fan 'e hjoeddeistige ideeën oer de griene man en de feroarings yn it tinken oer dit figuer binne wol omskreaun as "tweintichste-iuwske folkloare".
Kategory:Mytysk wêzen Kategory:Ingelske folkloare