De skiere of grize glee (Elanus caeruleus) is in rôffûgel. De namme suggerearret in relaasje mei oare gleeën lykas de swarte glee, mar de grize glee foarmet mei de Australyske grize glee, de Amerikaanske grize glee en de letterglee in aparte groep yn 'e famylje fan 'e haukfûgels. De soarte komt yn Afrika en tropysk Aazje foar, mar wreidet him oer Súd-Europa út.

Skaaimerken thumb|left|Skiere gleeën yn Israel. De fûgel wurdt 31 oant 36 sm lang en hat in spanwiidte fan 71–85 sm. Dêrmei is de grize glee wat grutter as in reade wikel en lytser as de reade glee. Lykas de wikel stiet ek de grize glee faak stil yn 'e loft te bidden. De fûgel is fan boppe blaugriis en hat swarte earmdekfearren en swarte hânpinnen. De wjukken binne breder as dy fan 'e wikel. De kop en ûnderkant is wyt en om it each is in swart masker. De poaten binne giel.

Fersprieding De soarte komt û.o. foar yn Noard-Afrika en Afrika súdlik fan 'e Sahara en fierder yn Súd-Aazje en Súdeast-Aazje oant op 'e Filipinen. De fûgel wreidet syn ferspriedingsgebiet fanút Afrika út nei Europa en komt ek yn Spanje, Portegal en it suden fan Frankryk foar. De soarte kolonisearret ek Irak, Iran, Israel en mooglik ek Turkije.

De grize glee wurdt yn trije ûndersoarten ûnderferdield:

Elanus caeruleus caeruleus: súdwestlik Ibearysk Skiereilân, Afrika en súdwestlik Araabje Elanus caeruleus vociferus: fan Pakistan oant eastlik Sina, Malakka en Yndosina. Elanus caeruleus hypoleucus: de Grutte- en Lytse Sûnda-eilannen, de Filipinen, Selebes en Nij-Guineä.

De grize glee is in dwaalgast yn West- en Noard-Europa. Yn Nederlân wie de grize glee oant 2015 tige seldsum mei mar acht goed dokumintearre waarnimmingen. Sûnt dat jier nimt it oantal waarnimmingen bot ta en alle jierren wurde der meardere fûgels yn Nederlân sjoen.

Hâlden en dragen thumb|left|Fûgel mei proai. De grize glee komt foar yn savannes, greide, lânbougebieten en jaget fanôf beammen, telefoanpeallen en telefoantriedden op lytse sûchdieren en reptilen.

Status Yn in soad gebieten is dizze soarte de meast foarkommende rôffûgel. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list.

Kategory:Skiere glee Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren