De grize grûndo (Trugon terrestris) is in fûgelsoarte út de famylje dofûgels (Columbidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Trugon.

Skaaimerken It is in grutte en krêftige do mei donkere boppedielen en feal readbrune flanken. It wang is wyt en efter op 'e kop hat er in lyts túfke. It each is helderread. De poaten binne rôze oant fioletread.

Fersprieding De grize do is endemysk op Nij-Guineä en wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:

Trugon terrestris leucopareia: súdlik Nij-Guineä. Trugon terrestris mayri: it noardlike part fan Sintraal-Nij-Guineä. Trugon terrestris terrestris: noardwestlik Nij-Guineä en Salawati.

It habitat bestiet út subtropyske en tropyske fochtige leechlânbosken en dy fan 'e legere berchgebieten. De do is skou en libbet op 'e grûn. Dêrfandinne is de soarte dreech waar te nimmen.

Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de fûgel troch ferlies en fragmintaasje fan it leefgebiet yn oantal ôfnimt, alhoewol't dat net genôch is om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Grize grûndo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä