Salawati is ien fan 'e fjouwer grutte eilannen fan 'e Raja Ampat-eilannen yn Súdwest-Papoeä (earder West-Papoeä), Yndoneezje. Salawati is in grut eilân mei in soad natuer lykas tropyske bosken, mangroves en in rike ûnderwetternatuer. It eilân hat in lange skiednis mei lokale keninkriken en in lytse befolking. De grutste religy op Salawati is de islam. Ynklusyf lytsere eilannnen foar de kust is Salawati likernôch 1.900 km² grut.

Skiednis Sûnt de 15e iuw hie it eilân kontakt mei it Sultanaat fan Bacan (Molukken). Op Salawati bestie in eigen lyts keninkryk mei it doarp Samate as sintrum. Salawati wie ek in fazalkeninkryk fan it Sultanaat fan Tidore. It keninkryk spile in rol yn 'e Raja Ampat-regio, wêr't lokale de hearskers hannel dreaunen, mar ek inoars keninkriken plonderen. Dy plondertochten rjochten har net allinnich op buoreilannen, mar ek op de kusten fan Nij-Guineä en de Molukken. Alhoewol't Salawati ek oan sokke plonderingen meidie, waard it sels ek slachtoffer fan sa'n oanfal yn 1710 doe't piraten út Tidore de frou fan 'e kening en 150 ûnderdanen finzen namen. Se waarden pas frijlitten nei't de kening 104 slaven betelle.

In soad ynwenners fan Salawati binne moslims troch de iere ynfloed fan 'e sultanaten fan Tidore en Bacan (Molukken), dy’t al yn 'e 15e–16e iuw islam nei de Raja Ampat-eilannen brochten. Dochs binne der op Salawati ek kristlike mienskippen (sawol protestantsk as katolyk). Dy binne fral yn 'e 19e iuw ûntstien, doe't Europeeske misjonarissen út Dútslân en Nederlân yn West-Papoeä aktyf waarden.

Befolking It eilân is tinbefolke en hat likernôch 9.000 oant 10.000 ynwenners (2024). De measte minsken wenje yn kustdoarpen lykas Samate, Kalobo en Sailolof. De befolking bestiet benammen út Papoeäanske groepen, faak mei ynfloeden fanút de Molukken en Maleizje troch de iuwenlange hannel en religieuze kontakten.

De grutste religy fan Salawati wie yn 2015 it kristendom. De measte kristenen binne protestantsk, it oantal katoliken is mar in hânfol. It distrikt Salawati Barat (West-Salawati) is hast folslein kristlik, wylst yn 'e distrikten Salawati Utara (Noard-Salawati) en Salawati Tenga (Sintraal-Salawati) in lytse mearderheid islamitysk is.Statistyk Sintraal Buro foar Statistyk, provinsje Raja Ampat Regency: Raja Ampat yn sifers 2015.

Natoer Yn it noarden leit it 570 km² grutte Pulau Salawati Utara-reservaat, dat in grut part fan it leechlânreinwâld beskermt. It eilân is ryk oan fauna, wêrûnder paradysfûgels en ferskillende do- en pappegaaifûgels. Om it eilân leit in maryn ekosysteem mei koraalriffen en in grut ferskaat oan fisken.

Ynfrastruktuer Salawati leit tichteby Sorong, de belangrykste tagongspoarte ta de Raja Ampat-eilannen. Ut dy stêd wei binne der boatferbinings mei Salawati.

De ynfrastruktuer fan Salawati is ienfâldich. Der binne lokale havens, lytse doarpen en in pear resorts. It toerisme is lytsskalich.

Kategory:Eilân yn Yndoneezje Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan