Charles James (Charlie) Kirk (Arlington Heights (Illinois, 14 oktober 1993 - Orem (Utah), 10 septimber 2025 wie in Amerikaansk konservatyf, kristen-nasjonalistysk polityk aktivist, podcaster en skriuwer. Hy wie de mei-oprjochter fan de konservative, rjochtspopulistyske jongereinorganisaasje Turning Point USA (TPUSA) yn 2012. Hy publisearre in rige boeken en wie de presintator fan The Charlie Kirk Show, in praatprogram. Hy wie ien fan de meast promininte stimmen yn de MAGA-beweging fan de Republikeinske Partij.

As wichtige bûnsmaat fan Donald Trump naam Kirk ferskate konservative en trumpistyske stânpunten yn, lykas ferset tsjin abortus, DEI-programs, en LHBT-rjochten en foar it wapenbesit. Ta syn mear kontroversjele stânpunten hearden syn krityk op de Civil Rights Act fan 1964 en Martin Luther King jr, lykas syn fersprieden fan misynformaasje oer COVID-19, falske bewearings oer ferkiezingsfraude yn 2020 en de gearspanningsteory fan de Grutte Ferfanging.

Op 10 septimber 2025 waard Kirk fermoarde doe't er spriek by in iepenbier debat fan TPUSA op de kamppus fan Utah Valley University. Syn dea late ta ynternasjonaal omtinken en it dêropfolgjend feroardielen fan polityk geweld troch promininte ynlânske en ynternasjonale figueren. Trump kundige oan de Kirk postúm de Presidinsjele Frijheidsmedalje krije soe.

Jonkheid en oplieding Charlie Kirk waard berne op 14 oktober 1993 yn Arlington Heights, in foarstêd fan Chicago en tein yn it tichteby lizzende Prospect Heights. Syn heit Robert W. Kirk is arsjitekt en wie belutsen by de bou fan Trump Tower. Syn mem Kathryn (berne Smith) is in earder hanneler oan de Chicago Mercantile Exchange en wurke dêrnei as psychologysk helpferliener. Hy hie ien suster, Mary, dy't letter keunstkonservator waard yn Chicago.

Kirk beskreau syn âldelju as skaplike Republikeinen. Hja wiene aktyf yn konservative kringen en syn heit wie in wichtige donor foar de presidintskampanje fan Mitt Romney yn 2012. Kirk groeide op yn 'e Presbyteriaanske Tsjerke , wie lid fan de Boy Scouts of America. Op de middelbere skoalle kaam er hieltyd mear polityk ta libben, dêr't er boeken by lies fan Milton Friedman en him mear oanlutsen fielde ta de prinsipen fan 'e Republikeinske Partij.

Yn 2010 by syn tredde jier op Wheeling High School, wurke Kirk as frijwilliger mei oan 'e suksefolle kampanje foar de Amerikaanske Senaat fan de Republikein Mark Kirk, dy't gjin famylje fan him wie, fan Illinois. Ek yn syn tredde jier begûn er te harkjen nei The Rush Limbaugh Show, in promininte konservayf praatprogram op 'e radio. Yn syn lêste jier sette er útein mei in boykot fan koekjes yn 'e skoalkantine om in priisferheging ûngedien te krijen. Hy skreau ek in essay foar Breitbart News dêr't er yn oppenearre dat der in liberaal partidigens yn skoalboeken siet, itjinge late ta syn earste media-optreden op Fox Business yn 'e âldens fan 17 jier.

Kirk tekene foar de Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point (New York), maar waard yn 2012 ôfwiisd. Hy waard talitten op de Baylor University yn Waco (Teksas), dochs keas dêrfoar om him yn te skriuwen by Harper College yn Pallatine (Illinois), in foarstêd noardwestlik fan Chicago. Nei ien semester hold er op mei syn stúdzje. Yn 2015 skreau Kirk him yn foar in parttiddoplieding oan King's College yn New York, dêr't er online lessen folge. Hy helle yn syn libben nea in universitêr diploma, in feit dy't er gauris beneidrukte yn debatten mei akademisy en studinten.

Polityk wurk

180px|thumb|left|Charlie Kirk hold in taspraak op it Conservative Political Action Conference (CPAC) yn Marylân yn 2013 180px|thumb|Charlie Kirk mei syn mentor Foster Friess yn 2019 180px|thumb|Kirk en Donald Trump by op de Turning Point Action Conference yn 2033 180px|thumb|Kirk by in debat op Florida State University op 28 febrewaris 2025 By in evenemint fan Benedict University learde er Bill Montgomery kennen, in mear as 50 jier âldere pinsjonearre dy't ticht by de rjochtspopulistyske Tea Party-beweging stie. Montgomery moedige Kirk oan om him alhiel mei polityk dwaande te hâlden. Dêrnei rjochte er, doe't er 18 jier âld wie, Turning Point USA op, in non profit-organisaasje foar polityk aktivisme troch studinten. Neffens syn sizzen hie er doe "gjin jild, gjin konneksjes en gjin idee wat er die". Op de Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 2012 moete er Foster Friess, in promininte donateur fan 'e Republikeinske Partij, en helle him oer en finansierje syn organisaasje.

Yn 2016 begûn Kirk de Republikeinske gadingmakker foar presidint, Donald Trump te stypjen. Mei help fan grutte donateurs koe Kirk de organisaasje Turning Point USA útbouwe ta in ynfloedrike politike beweging. Dy beweging kaam ynearsten benammen op foar belangen fan rjochts-konservative en Republikeinske studinten oan universiteieten en mienskipskolleezjes, mar waard yn 'e rin fan 'e tiid hieltyd mear ynfloedryk by it moblisearjen fan partijdonaasjes. Yn 2016 wie de omset fan de organisaasje $4,3 miljoen en yn 2020 wie dy oprûn ta krapoan $40 miljoen.

Yn july 2019 waard Kirk foarsitter fan de organisaasje Students for Trump, dy't troch TPUSA oernommen waard. Dêrnei sette er útein mei in kampanje en lûk ien miljoen skoalbern oan foar de werferkiezingskampanje fan Trump yn 2020.

Turning Point USA organisearre yn desimber 2019 in benefytgala yn Mar-a-Lago, dêr't Donald Trump jr en oare promininte Republikeinen oan meidiene. Kirk syn waaksende populariteit wie op te merken op de Republikeinske partijkonvinsje fan 2020, dêr't er entûsiast ferkundige dat Trump "de bodyguard fan 'e westerske beskaving" wie. Turning Point USA holp ek busladingen Trump-oanhingers nei de byienkomst yn Washington DC te bringen foarôfgeande de bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021. Op Twitter ferklearre Kirk: "80 busladingen patriotten nei DC bringe om foar de presidint te fjochtsjen" itjinge er letter ferwidere.

Sûnt op syn minst septimber 2020 wie er lid fan 'e Council for National Policy, in groep dy't "al desennia lang tsjinnet as knooppunt foar in lanlik netwurk fan konservative aktivisten en de donateurs dy't harren stypje". Yn oktober 2020 sette Kirk útein mei it presintearjen fan in deistich radiopraatprogram fan trije oere lang, de Charlie Kirk Show. Dy waard produsearre troch de konservatyf-evangelyske Salem Media Group. Yn desimber 2021 stie de podcast The Charlie Kirk Show op nûmer 21 fan de populêrste podcasts by Apple Podcasts. De show rjochte him benammen op jonge konservativen. Kirk waard yn july 2023 troch Donald Trump beneamd yn in partijkommisje ta it furtsterkjen fan it "patriottysk grutbringen".

Foar de presidintsferkiezings fan 2024 wie Kirk fan doel en garje krapoan $110 miljoen byinoar foar it werkiezen fan Trump. Hy en syn organisaasje wiene ek belutsen by Project 2025, in plan foar it herfoarmjen fan 'e Amerikaanske oerheid yn it gefal fan in nije oerwinning fan Trump. Yn mear as 900 siden foarsiet er it ûntslach fan tûzenen amtners en har ferfanging troch politike bûnsmaten, de útwreiding fan 'e macht fan 'e presidint, it ûntbinen fan it ministearje fan Underwiis en oare federale ynstitúsjes, en maatregels tsjin de saneamde "djippe steat".

Kirk wie in wichtich wurdfierder fan 'e MAGA-beweging, dy't Trump in soad stimmen fan jonge kiezers oplevere. Hy waard ek troch Jeropeeske rjochtsekstremisten, lykas de ekstreemrjochtse Eastenriker Martin Sellner, as in rôlmodel sjoenfoar har polityk wurk. Kirk gie gauris yn diskusje mei minsken mei oare politike opfettings. De rol dy't syn oanhingers him taskriuwe as "strider foar de frijheid en de frijheid fan mieningsutering" wurdt troch guon sjoen as "toaniel". Sa wurdt net allinnich syn "gauris rasistyske, minske-ûntearjende en gearspanningsleauwige aginda" ferswijd, mar ek it feit dat Kirk fia Turning Point USA in saneamde "Professor Watchlist" oprjochte hat, dêr't leararen mei nei syn miening net winske politike opfettings op neamd wurde koene, dy't ûnder mear it slachtoffer waarden fan bedrigings, haatmails en geweld.

Moard 180px|thumb|Plak fan d eoanslach mei wite tinte dêr't Charlie fataal yn troffen waard Op 10 septimber 2025 waard Kirk by in diskusjebyienkomst oan de Utah Valley University mei syn American Comeback Tour yn 'e strôt sketten. De oanslach wie om 12:23 oere middeis, sa'n 20 minuten nei't de diskusje begûn wie. Der wiene likernôch 3.000 minsken oanwêzich.

Nijsgjirrich is dat justjes foar't er delsketten waard, Kirk oer massale sjitpartijen yn 'e Feriene Steaten oan it debatearjen wie. Hunter Kozak, in studint oan 'e Utah Valley University, frege: "Wiite jo hoefolle transgender Amerikanen de ôfrûne tsien jier massale sjitpartijen dien hawwe?", dêr't Kirk op andere: "Te folle". Kozak folge mei: "Witte jo hoefolle massamoardners dêr de ôfrûne tsien jier yn Amearika west hawwe?" en Kirk syn lêste wurden foar't er delsketten waard wiene syn andert: "Telle we de bindegeweld mei of net?" The New York Times murk op dat dat in "grimitich tafal wie dat laat hat ta online gearspanningsteoryen en spekulaasjes" en Kozak sei letter; "Ik hie gjin mindere frage steld kinnen ha".

Kirk waard troch seis manlju nei in SUV droegen, dy't him nei it Timpanogos Regional Hospital yn Orem brocht, dêr't er ta dea ferklearre waard.

In dei nei de moard makke de FBI buorkundich dat yn in bebosk gebiet tichteby it plak fan 'e oanslach it mooglike moardwapen fûn waard; type Mauser-grindelgewear, almeast brûkt foar de jacht. Op 12 septimber waard bekensmakke dat in fertochte arrestearre wie, de 22-jierrige Tyler Robinson út Utah. Op 16 septimber waard er offisjeel oanklage. Tsjin him kin mooglik de deastraf easke wurde.

Reaksjes 180px|right|thumb|President Donald Trump sprekt him út oer de moard op Charlie Kirk De moard waard oan beide kanten fan it politike spektrum feroardiele. Promininte figueren, lykas alle libjende âld-presidinten Bill Clinton, George W. Bush, Barack Obama en Joe Biden en guon ynternasjonale haden fan steat feroardielen de oanslach. Yn binnen- en bûtenlân waarden der ferskate jûnwakes hâlden yn 'e eare fan Charlie Kirk. De wake yn Wenen waard bywenne troch de jongereinôfdieling fan de ekstreemrjochtse Frijheidsparty fan Eastenryk en de ekstreemrjochtse aktivist Martin Sellner.

Amerikaanske rjochtse politisy easken strange straffen foar persoanen dy't ferantwurdlik wiene foar de moard op Kirk. Steve Bannon, dy't earder as adviseur fan Trump tsjinne, pleite foar grutskalige arrestaasjes en in strange reaksje tsjin universiteiten. Underwilens hat de minister fan Definsje Pete Hegseth syn meiwurkers opdroegen om militêren dy't de moard fan Kirk bespotsje of goedkarre, te identifisearjen en te straffen. Fise-presidint JD Vance rôp minsken op wurkjouwers oan te trunen harren wurknimmers te ûntslaan as se de moard bespotten. Sels yn Fryslân late it ta rombom. In dosint oan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean krige dien nei't er him op sosjale media oer de dea fan Charlie Kirk útlitten hie.

Presidint Donald Trump oardere fuortendaliks nei de moard dat alle Amerikaanske flaggen op oerheidsgebouwen oant de earste snein nei de oanslach healstôk hingje moast, as earbetoan. Hy kende Kirk postúm de Presidinsjele Frijheidsmedalje ta; de heechste ûnderskieding foar boargers yn 'e Feriene Steaten. It fleantúch Air Force Two fan fise-presidint JD Vance, dy't persoanlik befreoene mei Kirk wie, fleach it stoflik omskot op 11 septimber oar nei Phoenix yn Arizona, de thússteat fan Kirk.

Neisleep