Timothy Tyler Childers (berne 21 juny 1991 yn Louisa ) is in Amerikaanske bluegrass-, country- en folksjonger . Dêrneist is hy ek in singer-songwriter . Childers treedt op mei in begeliedingsband mei de namme The Food Stamps .
Biografy Tyler groeide op yn Lawrence County, Kentucky . Syn heit (Cody) wurke yn in koalmyn, en syn mem (Loyran) wie in ferpleechster. Hy learde sjongen yn 'e tsjerke, dêr't er yn it koar song. Hy begon gitaar te spyljen en ferskes te skriuwen doe't er ûngefear 13 wie.
Childers begûn mei optreden yn Lexington, Kentucky, en Huntington, West Firginia. Yn 2011, op 19-jierrige leeftyd, brocht Childers syn earste album út , Bottles and Bibles . Hy brocht ek twa EP's út, opnommen yn 2013 by Red Barn Radio, in radiostasjon yn Lexington, Kentucky. De twa EP's waarden letter útbrocht as ien album ûnder de namme Live on Red Barn Radio I & II . In pear jier letter treffe Tyler Sturgill Simpson fia in muzikant dêr't sy beide freon mei wiene. Simpson, sels in suksesfolle tradisjonele countrymuzikant, bea oan om in album foar him te produsearjen. Tegearre mei David R. Ferguson produsearre sy it album Purgatory, dat yn augustus 2017 útkaam. Yn 2018 wûn Childers in priis by de Americana Music Honors & Awards yn 'e kategory Emerging Act of the Year . Dit album wie syn earste grutte sukses. Syn tredde album, Country Squire, waard útbrocht yn augustus 2019. Dit album waard ek wer produsearre troch Simpson en Ferguson. Mei it ferske "All Your'n", it twadde nûmer op it album, krige hy in nominaasje foar Best Country Solo Performance by de Grammy Awards. Yn septimber 2020 brocht Childers Long Violent History út, in album dat foaral bestiet út tradisjonele fioele nûmers. Yn 'e hjerst fan 2022 brocht hy in trijefâldich album út; "Can I Take My Hounds to Heaven?" . It album is ferdield yn trije dielen: Hallelujah, Jubilee, en Joyful Noise . Yn septimber 2023 ferskine it sechsde studioalbum, Rustin' in the Rain. It album befettet in cover fan Kris Kristofferson: " Help Me Make It Through the Night" út 1970. En yn juny 2025 kaam it nijste album fan Tyler út, Snipe Hunter, dêr't hy ferskate muzyk stylen kombinearret, sa as gospel, psychedelia en ekspermintele rock.
De Food Stamps
Hjoeddeistige leden
James Barker - pedal steel gitaar Craig Burletic - basgitaar CJ Cain - gitaar Rodney Elkins - drums Chase Lewis - toetsenist "De Professor" Jesse Wells - oare gitaren, fioele
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk country-artyst Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1991