John B. Curtis (Maine, 10 oktober 1827 – 13 juny 1897) wie in Amerikaanske útfiner en ûndernimmer. Little, siden 525–529.

Biografy Curtis waard berne yn Hampden yn Maine, en groeide dêr op. Hy helle nea in diploma en wurke foar syn famylje en oaren om de kost te fertsjinjen. Oarspronklik fertsjinne er $5 yn 'e moanne, mar stadichoan gie syn salaris omheech oant $24 yn 'e moanne. Neist syn wurk op 'e pleats wurke er ek mei oan it oanlizzen fan diken troch de bosken.

Yn 1848 fûn de earste kommersjele kaugom út, ûnder de namme Main Pure Spruce Gum. Ynearsten produsearre er kaugom út it sop fan beammen, benammen hars fan de spar (Picea), mar yn 1850 gong er oer op it brûken fan paraffine, wûn út ierdoalje as basis fan de gum. Paraffine levere in bettere kwaliteit kaugom as it sparrehars, mei omdat it folle minder smoargens befette en gjin bysmaak hie.

Kategory:Amerikaansk útfiner Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1827 Kategory:Persoan stoarn yn 1897