Polch is in stêd yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is it bestjoerssintrum fan 'e ferbânsgemeente Maifeld.
Skiednis Rüber wurdt foar it earst yn 964 neamd as, neffens in oarkonde út dat jier, Volpert en syn frou Ecgewihe it kleaster fan Münstermaifeld njonken "marca Mertilachero" ek grûn by 'Ruveri' joegen. Troch de midsiuwen hinne wie it plak ûnderdiel fan it Kartrierske Amt Münstermaifeld.
It is wis dat it plak foar de Tritichjierrige Kriich (1618-1648) likernôch in kilometer westlik fan 'e hjoeddeiske lokaasje lei.
By in grutte brân yn Rûber op 16 septimber 1849 baarnden 22 hûzen ôf.
It besjen wurdich De neogoatyske katolike filiaaltsjerke Sint-Margareta is yn 1909/1910 boud neffens ûntwerp fan 'e arsjitekt Wilhelm Hector út Saarbrücken. It âlde bakhûs (Altes Backhaus) datearret fan 1826 en wurdt by spesjale gelegenheden brûkt.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts