Ellenz-Poltersdorf is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De gemeente falt ûnder de ferbânsgemeente Cochem. De gemeente bestiet út de twa romtlik fan inoar skieden doarpen Ellenz en Poltersdorf.
thumb|left|De gemeente Ellenz-Poltersdorf fanút fûgelperspektyf. Alhoewol't de gemeente Elenz-Poltersdorf troch it grutte boskareaal oan beide kanten fan 'e Mûzel leit, lizze de twa doarpen Ellenz en Poltersdorf oan 'e lofterkant fan 'e Mûzel. Dêr leit ek it wynbougebiet.
De gemeente Ellenz-Poltersdorf leit oan in grutte bocht yn 'e Mûzel yn it sintrum fan wat de Cochemer Krampen neamd wurdt. Krampen ferwiist nei it U-foarmige ferbiningselemint kram. Fanút de loft foarmet de Mûzel fan Cochem oant Bremm hjir grutte bochten dy't oan 'e foarm fan in kram tinken docht. It doarp leit op in helling, dy't nei de súdeastlike rjochting yn 'e rjochting fan 'e Mûzel flakker wurdt.
Cochem leit likernôch 7 km de stream ôf en Koblenz leit sa'n 50 km fierder fan Elenz-Poltersdorf. Nei Mayen is it sa'n 30 km. Oan'e oare kant fan 'e Mûzel leit it stedsje Beilstein. Mei Beilstein hat it doarp in oerset.
Skiednis Ellenz waard foar it earst om 1100 yn in list fan besittings fan it stift Karden neamd. De earste fermelding fan Poldersdorf datearret fan 1178.
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts Kategory:Plak yn Rynlân-Palts