De houteksters (Garrulus) foarmje in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae). De typesoarte fan it skaai is de gewoane houtekster, ek bekend as Flaamske gaai.
Houteksters binne middelgrutte krieën fan likernôch 30–35 sm lang, mei in frij koarte wjukken en in lange, wat rûne sturt. Oer it generaal is de fûgel brúnich of readbrún mei opfallende kontrasten lykas wyt op 'e sturt of sturtbasis, swarte wjukrânen en hiel karakteristyk binne de blauwe fearkes mei swarte balkjes op 'e wjukdekfearren. Dat blauswarte patroan op 'e wjukken is by alle trije soarten oanwêzich, alhoewol't de yntinsiteit wat ferskilt.
De fûgel hat in sterke en rjochte snaffel mei in lytse bûging oan 'e punt. De snaffel is geskikt om nuten of ikels te kreakjen, mar ek om ynsekten, lytse bisten of aaien te pakken.
De fûgels binne lûdroftich en ha in skerpe, krassende rop en steane der om bekend dat hja oare fûgels imitearje kinne. Houteksters lizze foar de winter foarrieden oan troch ikels of sied yn 'e grûn te ferstopjen en sa drage se ek by oan it fersprieden fan ikebosk.
Houteksters binne yn bosken en by houtwâlen te sjen fan sawol leaf- as mingde bosken. Ek binne se yn parken oanwêzich. Se bouwe in grut nêst yn beammen en de lechsels binne 4 oant 6 aaien grut.
Lykas oare krieën hearre se ta de tûkste fûgels, mei komplekse sosjale ynteraksjes, ûnthâld en oplossingsfermogen.
Soarten Der binne trije soarten yn it skaai bekend.
Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding IUCN-status/Trend 120px Garrulus glandarius houtekster Euraazje net bedrigestabylGarrulus glandarius op BirdLife 120px Garrulus lanceolatus swartkophoutekster Afganistan, Nepal, Mongoalje, Yndia en Pakistan net bedrige25pxGarrulus lanceolatus op BirdLife 120px Garrulus lidthi Amamihoutekster Rjûkjû-eilannen, Japan gefoelich25pxGarrulus lidthi op BirdLife
Kategory:Kriefûgel Kategory:Fûgelskaai