Stereo MC's is in Britske band dy't in cross-over bringt fan dance en hiphop. De kearn fan de band bestiet út rapper-sjonger Rob Birch (1961) en produsint Nick Hallam (1962). Sjongster Cath Coffey en drummer Owen If (1959) hearre ek ta de fêste besetting fan de formaasje. De band is benammen bekend fan de hit Connected. Nei it útbringen fan acht albums foar Island Records, !K7, Graffiti Recordings, en PIAS, foarmen se it label Connected mei de band Terranova om har eigen materiaal en dat fan oare artysten binnen it house/techno/elektroanyske sjenre út te bringen.

Diskografy Albums 33-45-78 (1989) Supernatural (1990) Connected (1992) DJ Kicks (mixalbum) (2000) Deep, Down & Dirty (2001) Retroactive (kompilaasje) (2002) Paradise (2005) Double Bubble (2008) Emperor´s Nightingale'' (2011)

Kategory:Ingelske hiphopband Kategory:Ingelske danceband Kategory:Band oprjochte yn 1985