De blauwe gaaien (wittenskiplike namme: Cyanocitta) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri), it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides), de boppefamylje fan 'e echte krie-eftigen (Corvoidea), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en de ûnderfamylje fan 'e maskergaaifûgels (Cyanocoracinae). Ta dit skaai hearre 2 soarten, dy't foarkommen yn Noard- en Midden-Amearika. Foar kriefûgels binne it frij behindige bisten. Beide soarten hawwe in omnivoar dieet, mar se ferskille wat migraasjegedrach, sosjaal hâlden en dragen en pearingswizânsjes oangeane.

Taksonomy It skaai fan 'e blauwe gaaien waard yn 1845 yntrodusearre troch de Ingelske ornitolooch Hugh Edwin Strickland. De wittenskiplike namme is in kombinaasje fan 'e Grykske wurden κυανός, kyanos, dat "dûnkerblau" betsjut, en κίττα, kitta, in Aldgryksk wurd foar "gaai" of "ekster".

Fersprieding Fan 'e beide soarten blauwe gaaien is de blauwe gaai (Cyanocitta cristata) yn syn fersprieding beheind ta Noard-Amearika, wylst de stellergaai (Cyanocitta stelleri) ek foarkomt yn Midden-Amearika. De briedgebieten fan 'e beide soarten wurde faninoar skaat troch de Rocky Mountains: dat fan 'e blauwe gaai leit dêr eastlik fan, wylst dat fan 'e stellergaai westkant de bergen leit. Dy opdieling is nei gedachten it resultaat fan gletsjerfoarming yn 'e lêste iistiid, dy't de beide populaasjes faninoar isolearre.

Uterlike skaaimerken Blauwe gaaien binne yn ferhâlding ta oare kriefûgels frij ranke fûgels mei in gelikense lichemsfoarm mar in ferskillende grutte. De stellergaai is oansjenlik grutter as de blauwe gaai, mar dochs oan 'e lytse kant foar in kriefûgel. De sterke snaffel is by beide soarten swart fan kleur en de noasters wurde mar ôfdutsen troch minimale boarstelfearkes. Blauwe gaaien hawwe in lichtlik ôfrûne sturt, dy't frij oan 'e lingte is yn ferhâlding ta it lichem. De wjukken binne dan wer relatyf koart. Beide soarten hawwe in toef op 'e kop dy't se platlizze en opsette kinne, mar by de stellergaai bestiet de toef út folle langere fearren en falt er sadwaande folle mear op. Beide soarten binne blau en wyt fan kleur: de blauwe gaai mear wyt en de stellergaai mear blau. Beide hawwe se ek swarte bannen oer de sturt en wjukken rinnen, wat in unyk skaaimerk is mank de kriefûgels fan 'e Nije Wrâld.

Fuortbeweging De stellergaai fljocht mei in krêftige, stadige wjukslach, wylst de blauwe gaai oer de langere ôfstân ûndjip tawjukkelet en oer de koartere ôfstân almeast sweeft. Beide soarten jouwe de foarkar oan rinnen en huppen op 'e grûn en kinne har goed rêde yn 'e beammen.

Fokalisaasjes Blauwe gaaien hawwe in wiidweidich ferskaat oan fokalisaasjes, fan krassen oant melodieuze fûgelsang. Beide soarten binne feardige neibearders, dy't de roppen en de sang fan oare fûgels imitearje, mar ek de fokalisaasjes fan sûchdieren en sels meganyske lûden. It evolúsjonêre doel fan sok neibearen is wat dizze soarten oangiet mank ornitologen noch ûnderwerp fan debat.

Libbenswize Blauwe gaaien libje yn iepen wâldlân, oan 'e boskrânen en yn parken en tunen. Se litte in sterke foarkar foar iken blike as dy beskikber binne. Beide soarten dogge it tige goed yn nullewâld en mingd wâld, en de blauwe gaai komt ek foar yn leafwâld. De stellergaai is benammen te finen op hichten fan 1.000–3.500 m boppe seenivo, wylst de blauwe gaai datoangeande gjin foarkar liket te hawwen. De blauwe gaai hat him goed oan 'e oanwêzigens fan minsken oanpast, wylst de stellergaai wat dat oanbelanget in stik ôfhâldiger is.

Beide soarten binne omnivoaren, mei in dieet dat bestiet út sieden, wringeleazen en lytse wringedieren. De stellergaai is útslutend in stânfûgel, wylst de blauwe gaai alteast foar in diel in trekfûgel is. De peartiid falt by 't maityd en de briedtiid rint fan 'e maityd oant de iere simmer. Har nêsten bouwe se yn beamtoppen of yn strûken. Blauwe gaaien binne de iennichste kriefûgels út 'e Nije Wrâld dy't drek by de bou fan it nêst brûke. It lechsel bestiet yn 'e regel út 3–6 aaien en de piken binne nêstbliuwers.

Soarten

skaai blauwe gaaien (Cyanocitta) blauwe gaai (Cyanocitta cristata) stellergaai of Stellers gaai (Cyanocitta stelleri)

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Kriefûgel