De swartkielekstergaai (Cyanocorax colliei) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Taksonomy De swartkielekstergaai en de wytkielekstergaai waarden earder yn it eigen skaai Calocitta set. Mei't molekulêre fylogenetyske stúdzjes útwiisden dat it skaai Cyanocorax parafyletysk wie oan Calocitta, waarden de twa soarten ûnderbrocht yn Cyanocorax. De soarte is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Skaaimerken thumb|left|Kop fan 'e swartkielekstergaai. De fûgel wurdt 58,5 oant 76,5 sm lang, wêrfan't de sturt mear as de helte útmakket. Se wege 225 oant 251 gram. De boppedielen binne blau mei wite einen fan 'e sturtfearren, de ûnderkant is wyt. De snaffel, poaten, kop en de túf binne swart, útsein fan in ljochtblauwe heale moanne boppe it each en in plak ûnder it each.
Jonge fûgels ha in wite punt op 'e túf en it plak ûnder it each is lytser en donkerder as by folwoeksen fûgels. By de measte fûgels binne de kiel en it boarst ek swart, mar guon yn it súdlike ferspriedingsgebiet ha dêr ek wyt.
Fersprieding De soarte is endemysk yn Meksiko, dêr't de fûgel yn it westen fan it lân foarkomt.
It habitat bestiet út boskgebiet en iepen gebieten.
Status De grutte fan 'e populaasje wurdt op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019) klassifisearre, alhoewol't oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen ôfnimt.
Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko