De kroltúfgaai of kroltoefgaai (Cyanocorax cristatellus) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae). De fûgel wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Beskriuwing thumb|left|Kroltúfgaai. De kroltúfgaai is in grutte gaai mei in opfallende túf op 'e kop, dy't nei efter bûget. De fûgel is swart op 'e kiel, it boarst en de rêch, blau op 'e wjukken en it binnenste diel fan 'e sturt, wylst it bûtenste diel wyt is.
Fersprieding De soarte libbet fan Sintraal-Brazylje oant eastlik Bolivia en eastlik Paraguay.
Kroltúfgaaien wurde yn savannes, op plantaazjes, healiepen gebieten en somtiden tunen waarnommen, dêr't er meastentiids yn lytse, lawaaierige groepen sjoen wurdt.
Status Der is gjin rûzing fan 'e grutte populaasje, mar de soarte soe algemien foarkomme en de populaasje is stabyl. Op 'e Reade list fan 'e Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer wurdt de fûgel as 'net bedrige' (Least Concern, 2024) klassifisearre.
Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay