De wytnekkegaai (Cyanocorax cyanopogon) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae). De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net ferdield is ûndersoarten.
Beskriuwing thumb|left|Wytnekkegaai yn it fûgelpark Parque das Aves, Brazylje. De wytnekkegaai is in grutte gaai mei heldergiele eagen en stive, boarsteleftige túf op 'e kop. Boppe en ûnder it each binne blauwe plakken, dy't kontrastearje mei it fierder swarte gesicht. De ferlykbere swartkroangaai hat in blauwe nekke en in gruttere túf op 'e kop.
Fersprieding De soarte is endemysk yn Brazylje en komt dêr yn drûch tropysk en subtropysk bosk yn it easten fan it lân foar.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar oannommen wurdt dat fûgel te lijen hat fan de fangst út it wyld om de fûgel as koaifûgel te hâlden. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2016) op 'e Reade list.
Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje