De fioletgaai (Cyanocorax violaceus) is in fûgelsoarte yn it skaai blaukrieën (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn noardeastlike Kolombia. De fioletgaai is in grutte, 33 oant 38 sm lange gaai. Syn fearrekleed is blau mei in swarte kop en swart kin. Hy ûnderskiedt him fan 'e ferlykbere poarpergaai troch it ljochtere fearrekleed en de kontrastearjende bleke nekke.
Fersprieding De soarte komt foar yn Fenezuëla en it westlike Amazônebekken. De soarte telt twa ûndersoarten:
Cyanocorax violaceus pallidus: komt foar yn noardlik Fenezuëla (Anzoátegui). Cyanocorax violaceus violaceus: komt foar fan eastlik Kolombia oant Fenezuëla, de Guyana's, Brazylje, Perû en noardlik Bolivia.
It habitat fan 'e soarte bestiet út subtropyske en tropyske fochtige leechlânbosken oant degradearre bosken. De fûgel komt fral foar yn leechlân, mar kin lokaal ek oant 1.400 m hichte foarkomme.
Iten De fioletgaai is omnivoar en yt benammen fruit, ynsekten en aaien fan fûgels en reptilen lykas hagedissen.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as frij algemien. Mei't it geskikte habitat yn syn ferspriedingsgebiet troch ûntbosking ôfnommen is, wurdt der tocht dat ek de oantallen fan 'e soarte tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige (Least Concern, 2024).
Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Perû