De Vink is in standermûne oan 'e Stenenkamerstraat 33 yn it Gelderske plak Herveld (gemeente Overbetuwe).
Herveld krige yn 'e 15e iuw in standermûne, doe't Willem fan Gullik, de hartoch fan Gelre, op 12 april 1400 wynrjocht ferliende oan Frederik van der Eese. Op dy mûne waard it twangrjocht lein, itjinge betsjutte dat boeren út de omkriten ferplichte wiene om dêr de rispinge te meallen. Dienen hja dat net, dan betsjutte dat in foarse boete.
De mûne wie yn 1649 noch jimmeroan yn aadlik besit. Yn dat jier besocht de doetiidske mûnder de mûne fan 'e eigner te keapjen, mar dat slagge net om't de eigner, de hear fan Wolveren, skulden hie by de famylje Driessen Opheijde. Sadwaande waard dy famylje eigner oant 1718. Yn dat jier kocht Jan Jansen de Haert de mûne fan 'e famylje.
Op it burd fan 'e mûne stiet it jiertal 1722. It is net bekend wêrom de mûne doe werboud is.
Sûnt 1868 wie de famylje Vink eigner fan 'e mûne en dy hold de mûne jimmeroan yn bedriuw, oant yn oktober 1944 de mûne by gefjochten skansearre rekke. Nei de oarloch fûn in restauraasje plak.
De namme fan 'e mûne datearret út 1969. Doe waard de mûne restaurearre en ferneamd nei de mûndersfamylje, dy't de mûne al jierren besitte.
Op 3 jannewaris 2012 waard de mûne eigendom fan stifting "Molen de Vink".
Publikaasje(s) : De Vink, pronkstuk van Herveld (2024)
Keppeling om utens Mûnedatabase.] Feriening De Hollânske Mûne
Kategory:Mole yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk yn Overbetuwe Kategory:Nôtmole Kategory:Standermole Kategory:Bouwurk út 1722