Herveld is in plak en eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Gelderlân.

It doarp bestiet út twa dielen: Herveld-Noard en Herveld-Súd. Herveld-Noard is tradisjoneel roomsk, wylst Herveld-Súd oarspronklik protestantsk is. Herfeld-Súd is it oarspronklike doarp en dêr stiet ek de midsiuwske tsjerke. Herfeld-Noard bleau lang in gebiet mei in oantal pleatsen en dat krige earste yn 'e 19e iuw in mear doarpsk karakter. Hjoed-de-dei is Herfeld-Noard folle grutter en binne de twa kearnen hast oan inoar groeid. Op it doarpsgebiet binne fynsten dien dy't der op wize dat der al yn 'e Romeinske tiid bewenning wie.

Herveld wurdt foar it earst yn 996 neamd, doe't Otto III it plak oan it Stift Elten tawiisde. De tsjerke fan Herveld wurdt foar it earst yn 1200 neamd. Noardlik fan it plak stie eartiids it kastiel Gennepestein.

Op 1 jannewaris 1812 waard de doe besteande gemeente Herveld mei de buorskippen Loenen en Wolferen útwreide. De gemeente Herveld waard op 1 jannewaris 1818 opheft en by de gemeente Valburg foege. Loenen en Wolferen waarden doe oant 1854 wer in selsstannige gemeente. De gemeente Valburg waard op 1 jannewaris 2001 opheft en yndield mei de doe nije gemeente Overbetuwe.

Herveld-Súd leit oan 'e A50, mar om yn it doarp te kommen moat earst oer de A15 riden wurde.

Om it plak hinne is in soad fruittylt.

It besjen wurdich

De midsiuwske tsjerke fan Herveld oan 'e Skoalstrjitte wie oarspronklik oan Sint-Willibrord wijd. De tsjerke datearret út de 12e iuw. Sawol de toer as it koer binne letter tafoege.

De Vink krekt bûten it doarp is in standermûne út 1722. De mûne is ferneamd nei de mûndersfamylje De Vink. Museumpleat "Den Tip" is in âlde pleats op in terp en datearret fan 1734. De pleats is yn 'e oarspronklike steat.

Ofbylden x250px x250px

Kategory:Plak yn Overbetuwe Kategory:Plak yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1818