De Afrikaanske griene bijefretter (Merops viridissimus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn Egypte. De soarte wurdt 17 oant 18 sm lang. De fûgel is benammen grien en hat in gielich-griene kiel, in smel swart masker en in swarte bân oer de kiel. Opfallend binne de twa sintrale sturtfearren, dy't wol 10 sm lang wurde kinne. Jonge fûgels binne doffer as folwoeksen fûgels en misse de lange sturtfearren.

Earder waard de Afrikaanske griene bijefretter mei de Arabyske en Aziatyske griene bijefretter as ien soarte beskôge, de griene bijefretter. In stúdzje yn 2020 fûn grutte ferskillen yn morfology en stim tusken de trije soarten en dêrfandinne wurdt de soarte sûnt 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen yn trije ferskillende soarten ferdield.

Fersprieding Afrikaanske griene bijefretters komme yn 'e Sahel en Egypte foar. Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:

Merops viridissimus viridissimus yn 'e Sahel tusken Senegal oant yn Etioopje. Merops viridissimus flavoviridis yn it gebiet tusken Tsjaad en Sûdan. Merops viridissimus cleopatra yn 'e Nyldelling oant yn it noarden fan Sûdan.

It habitat fan 'e soarte bestiet út bosk, savannes, sompige gebieten, healwoastyn en agrarysk gebiet yn leechlân oant 1250 m boppe seenivo.

Status De Afrikaanske griene bijefretter hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje groeit troch irrigaasje en útwreiding fan 'e lânbou. Sûnt 2001 kolonisearre de Afrikaanske griene bijefretter Egypte en hjoed-de-dei komt de fûgel sels oant yn 'e Nyldelta foar. De soarte wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre .

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda