Lytse bijefretters (Merops pusillus) foarmje in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Skaaimerken thumb|left|Lytse bijefretter yn Kenia. De fûgel hat in griene kop, in swart eachmasker en in ljochtgiel kin. Boppe it each sit in fyn turkwaze streekje. It boarst is boppe donker- oant readbrún, dat nei ûnder ta mear nei okergiel oergiet. De boppedielen en de wjukken binne meast grien mei wat brune fearren. De fûgel hat in swarte snaffel, swarte poatsjes en in readbrún each.
Fersprieding Lytse bijefretters wurde yn fiif ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
Merops pusillus pusillus - savanne fan Senegal en Gambia oant Kameroen, Sûdan en noardeastlik Kongo-Kinsjasa. Merops pusillus ocularis – eastlik Kongo-Kinsjasa oant noardlik Uganda, súdlik Sûdan en de Reade Seekust. Merops pusillus cyanostictus - eastlik Etioopje oant Somaalje en eastlik Kenia. Merops pusillus meridionalis – Kongobekken oant eastlik Kongo-Kinsjasa, Uganda en westlik Kenia, súdlik oant eastlik Súd-Afrika (KwaZûlû-Natal). Merops pusillus argutus - súdwestlik fan Angoala oant súdwesten fan Sambia en Botswana.
Hâlden en dragen Se briede yn iepen lânskippen mei boskjes en strûken en leafst by wetter. Lykas de namme al seit yt de fûgel ynsekten, fral bijen en hoarnbijen dy't er út de loft snipt. Foardat se harren proai ite, ferwideret de fûgel de giftige angel troch it ynsekt ferskate kearen op in hurd oerflak te slaan.
Oars as oare bijefretters briede lytse bijefretters net yn koloanjes. Se meitsje lykas oare soarten in tunnel yn sânbanken en somtiden brûke se ek in hol fan in ierdbaarch. In lechsel bestiet út 4 oant 6 wite aaien. Wyfkes en mantsjes fersoargje it nêst. De fûgels sliepe tegearre.
Status De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Ek de wrâldpopulaasje is grut, mar oannommen wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt, lykwols net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe